It soldaatsje fan Barrahûs

maart 28, 2020 07:00 Fernijd

Resint ferskynd

Ald folksferhaal, neiferteld troch Matthijs Verkuijl

foto Matthijs Verkuijl

Yn in tún yn Barrahûs ûnder Wurdum, tichtby de oerwei, sis mar it plak dêr’t de Breedyk – dat is de âld-strjitwei tusken de Werpsterhoeke en Goutum – en de spoarwei Ljouwert-Swol inoar kruse, stiet in byldsje fan in soldaat sa’t soldaten der lang lyn útseagen. Dat byldsje ropt oantinzen op oan it ûndersteande ferhaal.

Yn de tiid sa om 1740 hinne koe allinnich te foet, mei in skip of mei hynder-en-wein reizge wurde. It wie de wizânsje om ûnderweis te iten en te oernachtsjen by in boer op ’e pleats of yn in soarte fan herberch. Lang net elkenien koe nammentlik yn ien dei teplak komme.

Op in jûn kaam der in soldaat, nei alle gedachten in Dútske ynfantarist, by in boer yn Barrahûs oan mei de fraach oft er dêr wol de nacht trochbringe mocht. It wie op dat stuit ritich kâld waar, dat hy wie bliid dat soks koe. It hynder op ’e stâl en dêrnei skode er oan foar it jûnsmiel mei de boer, syn frou en de faam. Alderhande ferhalen waarden der ferteld.

Letter dy jûns kaam der in frou allinnich oan de doar mei deselde fraach. Eins woe de boer it net, want it wie al drok genôch, mar úteinlik koe er der net foarwei. De soldaat fertroude it net hielendal, want de frou hie it postuer fan in man en ek noch in swiere stimme. Hy tocht, it koe wolris in ferklaaide man wêze, in rôver. Dat wie doedestiids geregeld sa en dat rûn foar de gasthear en ‑frou en famylje faak min ôf.

De soldaat prate earst mei de faam oer syn kweatinken. Dy joech him alhiel gelyk. Dat de soldaat beprate it dêrnei mei de boer en syn frou. Underwillens wie de fertochte frou efkes nei bûten gien. Se hie net troch dat de soldaat har efterneigien wie. It like wol oft se prate mei oare minsken, dy’t har bûten de muorre opholden. It wie net sa goed te hearren, mar it spul hie luzen, dat wie wol dúdlik.

De soldaat wist genôch, mar hoe fierder? Hoe kinne wy dy frou ûntmaskerje? “Dêr wit ik wol wat op sei de faam. De heineproef!” De soldaat hie der noch nea fan heard, dat de faam joech útlis. As men bygelyks in bal nei in man goait as er sit, docht dy de skonken byinoar. In frou docht it krekt oarsom, nammentlik wiidskonkich mei har rok of skelk. No wie it op de pleats de gewoante om foar it sliepen noch in apel of in par te iten. Dat de boerefaam goaide nei elkenien in apel ta, ek nei de frou, wylst dy oan de tafel siet. En yndied, dy die de knibbels byinoar. Doe wie it folslein dúdlik foar elkenien. It is in ferklaaide man.

“Geane jimme mar op bêd”, sei de soldaat. “Ik rêd my der wol mei. Jimme hoege net bang te wêzen.” It wie nacht yn ’e nane doe’t de as frou ferklaaide man syn sliepplak ferliet om syn maten op te heljen. Mar de soldaat gie him efternei en wie him te rap ôf en makke net allinnich him, mar úteinlik ek de oare rôvers in kopke lytser mei syn bûgd swurd. In lokich ein foar de boer, de frou en de faam.

It orizjinele byld fan de soldaat stiet yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Oan de oare kant fan de dyk stiet in hûs mei de namme Nij Barrahûs.

foto Matthijs Verkuijl

maart 28, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.