It museum is ticht, mar…

maart 21, 2020 09:01

It binne nuvere tiden. Museum Belvédère is ticht oant en mei 6 april 2020. It museum folget de rjochtlinen fan it RIVM en de Museumferiening. Spitigernôch kinne de minsken dus efkes net by it museum komme, mar op in oare manier komt it museum by harren.

Boarne: Museum Belvédère

Der wurdt nammentlik wurke oan in filme ympresje fan de nije útstalling Relaties & Contrasten – de collectie van Hans en Cora de Vries. Sadree’t dy klear is, sil it museum dy ferstjoere yn in nijsbrief, sadat de lêzer yn alle rêst sjen kin nei de topstikken út dizze bysûndere priveesamling. Mei wurken fan ûnder mear Karel Appel, Armando, Gerrit Benner, Eugène Brands, Willem de Kooning, Bram van Velde en in hiel soad oaren.

By de eksposysje is in tsjokke en ryk illustrearre katalogus ferskynd, mei in tekst fan keunsthistoarikus en publisist Huub Mous. Syn iepeningstaspraak, útsprutsen by de iepening op 6 maart lêstlyn, is hjir te lêzen.

Wa’t oan hûs bûn is en wat ôflieding siket kriget sa de gelegenheid om lekker wat te lêzen. De meiwurkers fan it museum hjitte elkenien graach – sûn en wol – op in letter stuit yn it museum wolkom.

maart 21, 2020 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.