It Krobbehonk yn Boazum opnij sertifisearre foar twatalich wurkjen

maart 18, 2020 08:39

Pjutte-opfang It Krobbehonk yn Boazum wurket sûnt 2007 mei in belied dat derop rjochte is om de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn it ferline is dêr it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. Dat hâldt yn dat de meiwurksters neffens in tal rjochtlinen wurkje en sa de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern stimulearje. Om de trije jier wurdt de lokaasje op ‘e nij besocht troch in ûnôfhinklike fisitaasjekommisje, dy’t hifket oft it twatalich wurkjen goed trochset wurdt.

Foto: Jitske Krol/SFBO

It Krobbehonk en twatalichheid
It Krobbehonk falt ûnder Kids First. Dy organisaasje fersoarget ûnder mear berne- en pjutte-opfang yn Fryslân. In grut part fan de lokaasjes wurket mei in twatalich belied. By it Krobbehonk sjocht it twatalich belied der as folget út: Attie biedt it Frysk konsekwint oan en Elise it Nederlânsk. Der wurdt wurke mei de praatpoppen Puk en Tomke. Puk praat Nederlânsk en Tomke Frysk. Der is foar beide talen omtinken by taalaktiviteiten as sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se op lettere leeftyd  makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje fan Stifting Frysktalige Berne-opfang op de pjutte-opfang west. Dy hat besjoen oft der op It Krobbehonk noch altyd wurke wurdt neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied. De kommisje hat ûnder oaren sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Yn it ferslach stiet: ‘Op moandei sit pop Tomke yn de rûnte en dan is de fiertaal Frysk; op tongersdei is pop Puk oan bar en wurde taalaktiviteiten yn it Nederlânsk oanbean. By it sjongen wurde beide talen trochinoar brûkt om’t de pjutten kieze meie hokker ferske it wurde sil. Beide pedagogysk meiwurksters prate yn harren eigen taal. De pm’er hat it belied op It Krobbehonk goed oppakt. Sy haww noch net earder meidien oan in sertifisearringstrajekt mar hawwe de wurkwize fuort trochset en dêr sels nije ympulzen oan jûn.’

 It Krobbehonk hâldt begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern, om it twatalich belied troch te setten. By it SFBO binne goed 250 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch hieltyd.

maart 18, 2020 08:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.