It Fryske Gea hjit Sefonsterpolder wolkom

maart 13, 2020 08:51

De provinsje Fryslân hat de Sefonsterpolder foarearst oan It Fryske Gea gund. “Dêr binne wy tige wiis mei”, seit direkteur Henk de Vries. “It Gea hat sjen litten dat wy goed doel hawwe oer natuerbehear op it mêd fan plan- en fyzjefoarming. It Fryske Gea wie ien fan de seis bieders yn ’e oanbesteging. In magistrale boskrâne en blomryk gerslân, dat is ús takomstbyld foar de Sefonsterpolder.”

Sefonsterpolder (foto: It Fryske Gea)

In hiel nije wurkwize, dêr’t de provinsje de biedingen by beoardiele hat op in grut oantal kwalitative kritearia en foar in part op priis. “De funksje fan de grûn is net langer agrarysk, mar it is foar ús tige wichtich dat wy dêr gearwurkje sille mei leafst in biologyske pachter út de buert”, seit distriktshaad West Germ van der Burg, dy’t de goed 25 hektare grûn tusken Riis en Aldemardum ûnder syn hoede kriget.

De Sefonsterpolder leit oan ’e râne fan de Rysterbosk, dy’t It Fryske Gea al beheart. It Fryske Gea ferwachtet dêr in magistrale boskrâne ûntwikkelje te kinnen fol nestelgelegenheid en fiedsel lykas beien foar fûgels. It gerslân njonken de boskrâne makket It Fryske Gea tige blomryk, sadat it in eldorado wurdt foar flinters.

maart 13, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.