It fertutearzjen fan it Frysk

maart 5, 2020 17:17

Hans van der Velde (boarne: Fryske Akademy)

It Frysk moat rjochten krije bûten de provinsje en jou mear út as 6o sinten de persoan. Dat wiene in pear fan de opfallendste konklúzjes fan de oraasje fan Hans van de Velde.

Pier Bergsma

Woansdeitemiddei 4 maart hâlde Hans van de Velde syn oraasje as heechlearaar sosjolinguistyk oan de universiteit fan Utrecht. Syn learstoel is mooglik makke troch gearwurking fan de universiteit, de Fryske Akademy en Frysk Akademyfûns.

Sosjolinguistyk hâldt him dwaande mei praktyske fragen lykas “Kinst bern better opgroeie litte mei harren eigen memmetaal lykas Turks of Frysk, of is it better om it bern fuortendaliks mar Nederlânsk te learen?”en “Moat in plysjeman yn Twinte ABN prate, of mei it ek Nedersaksysk wêze?” In oare kant fan it fakgebiet giet oer wat minsken fan in taal fine, wêrom brûke se de iene taal leaver as de oare en sosjolinguistyk giet oer taalfariaasje.

Dy fariaasje is grut yn Fryslân. Sa hawwe wy it Klaai- en Wâldfrysk, it Frysk fan it Súd-Westen en dan binne der de dialekten lykas it Biltsk en it Stellingwerfsk. Dêrby giet it ek om de fraach yn hoefier oft it Frysk noch Frysk is, of wurdt it stadich wei oan Frolânsk? Neist in breed oersjoch fan de hjoeddeiske stân fan saken oangeande it Frysk, wienen dit ûnderwerpen dy’t yn Van de Velde syn oraasje oan bar kamen. Sjoch oer it ûndersyk nei taalfariaasje de bydrage fan Feie Fonyk “Ïn nije professor Higgins?“

Neffens Van de Velde wurdt it Frysk fertutearze. Op papier lykje der goede ôfspraken te wêzen lykas yn de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Yn de praktyk komt der net altyd in soad fan telâne. It Ryk en de Provinsje hawwe in soarchplicht oangeande it Frysk. As foarbyld neamde Van de Velde de plicht ta ûndertiteling fan riedsgearkomsten of it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank. Op beide terreinen sjit de oerheid tekoart. It Nederlânske regear hat net in soad oer foar it Frysk. It is krekt wat mear as 60 sinten de persoan yn ‘t jier. Ien fan de gefolgen is dat in grut part fan de Friezen analfabeet yn de eigen taal is. Opmurken moat wurde dat der positive ûntjouwingen binne. Sa liket de posysje fan it Frysk nei de delgong yn de jierren santich te stabilisearjen en der binne mear minsken as tweintich jier lyn dy’t Frysk skriuwe kinne.

Op dit stuit hat it Frysk allinne rjochten yn Fryslân. Dat liedt ta frjemde konsekwinsjes. Ein jannewaris skreauwen de heechleararen Goffe Jensma, Arjen Versloot en Hans van de Velde in Fryske brief oan it regear oer it nimmen fan ferantwurdlikens foar it Frysk. Sa’n Fryske brief wurdt net akseptearre, dy moat oerset wurde yn it Nederlânsk. Neffens Van de Velde soe dat ‘territorialiteitsbeginsel’ loslitten wurde moatte.

Der is foar it Frysk en de Fryske taalkunde genôch te dwaan. Sa ûntbrekt in etymologysk wurdboek fan it Frysk en ûntbrekt in histoaryske grammatika. Dêrneist soe Van de Velde graach mei in soarte fan taalbarometer wurkje wolle om nei te gean hoe’t it der foarstiet mei de taal. De nije heechlearaar besleat syn oraasje mei in oprop oan de polityk. Der moat in langetermynplanning komme oant 2050 foar wittenskiplik ûndersyk. Fryslân is sûnder mis just de provinsje dêr’t ekspertize foarhannen is op it mêd fan taal, taalfariaasje en taalûntjouwing. Tink oan de Fryske Akademy en Mercator. It leit dêrom foar de hân om der mear jild yn te stekken.

 

maart 5, 2020 17:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.