Is de fersweedsking fan de Finsktalige minderheid in misdie?

maart 30, 2020 17:24

It Sweedske regear hat in kommisje de opdracht jûn om út te sykjen oft de Sweedske oerheid yn it ferline in misdie begien hat troch de Finsktalige minderheid yn it lân te fersweedskjen. As dat sa is, dan moat de kommisje soargje foar in fetsoenlike ôfhanneling mei de besteande sprekkers.

It giet om de bewenners fan de Tornedelte yn it noarden fan Sweden, dy’t fanâlds it Finske dialekt Meankieli prate. Hjoed de dei binne der sa’n 75 tûzen sprekkers en de taal is offisjeel beskerme.

Dat hat net altyd sa west. Yn de njoggentjinde en tweintichste iuw wie it belied fan ‘e Sweedske oerheid derop rjochte om de befolking fan de Tornedelte te fersweedskjen. It wie foar bern ferbean om de eigen taal op skoalle te brûken en guon waarden sels mishannele as se dat wol diene.

De Sweedske oerheid wol ôfstân nimme fan it ferline en ekskús oanbiede foar de fierde polityk. Foar de Samen, in oare minderheid mei in eigen taal (it Sami of Lapsk), is ferline jier in ferlykbere kommisje opset.

maart 30, 2020 17:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.