In oere foar de simmertiid en in oere foar de Ierde

maart 28, 2020 13:02

Dit wykein is in oere koarter om’t de simmertiid yngiet: fannacht om twa oere jouwe offisjele klokken fuortynienen trije oere oan. Foar it Wrâld Natuer Fûns (WNF) is dat ornaris oanlieding om mei in saneamd Earth Hour wrâldwiid omtinken te freegjen foar it warjen fan de Ierde. Mar omreden fan de koroanagoarre kinne eveneminten diskear net trochgean. Lykwols wurdt elkenien oproppen jûn om healwei njoggenen thús de ljochten foar in oere te dwêsten. Neffens it WNF is der op dit stuit nammerste mear reden om mei in Ierde Oere stil te stean by wat de wrâld allegearre teheisteret.

WNF-direkteur foar Nederlân Kirsten Schuijt seit: “Wy binne in nij wrâldwiid akkoart fanneden om in ein te meitsjen oan it ferlies fan soarterykdom en te skreppen foar it opwouterjen fan de natuer. Lit ús in fûst meitsje en ús hurd meitsje foar ús wolwêzen. Wy binne ôfhinklik fan wat de natuer ús leveret: iten, skjin wetter, skjinne lucht en in stabyl klimaat. Mear as fjirtich prosint fan al ús medisinen komt út de natuer fuort. Bioferskaat soarget der foar dat wy bestean kinne.” Foar wa’t mei oantrune wol op sa’n akkoart kin in petysje tekenje. Dy wurdt letter dit jier oanbean oan de wrâldlieders op de oankommende Bioferskaatkonferinsje yn Sina. Klik hjir foar dy petysje.

maart 28, 2020 13:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.