Hûndert Fryske tsjerken slute de doarren

maart 13, 2020 08:53 Fernijd

Yn de kommende tsien jier sille yn Fryslân sa’n hûndert tsjerken sletten wurde moatte. Allinnich al yn de gemeente Súdwest-Fryslân gean foar 2030 teminsten 27 tsjerken ticht, stiet yn in enkête ûnder 129 tsjerkebestjoeren yn dy gemeente. Neffens de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed is dat ‘echt heel veel’. Dat blykt út de twadielige dokumintêre Tsjerken te keap fan Fryslân DOK, oer it ôfskie én de takomst fan monumintale tsjerkegebouwen. Saakkundigen ferwachtsje ‘een hausse aan kerksluitingen’. Sy hâlde der rekken mei dat it der noch mear wêze sille as dat de sifers no oanjouwe.

Foto: Omrop Fryslân

Fryslân hat goed 750 tsjerken. Troch de leechrin, in gefolch fan sekularisaasje, hat yntusken in tredde part al in oare funksje krigen. Fan de oare 500 tsjerken sil yn koarte tiid sa’n 20% de doarren slute moatte. It wurdt dreech om dêrfoar in passende nije bestimming te finen. De Stichting Alde Fryske Tsjerken, dy’t 50 jier bestiet en no 52 tsjerken yn syn besit hat, kin al dy tsjerken net oernimme. Yn it slimste gefal wachtet guon gebouwen de sloop. Dat hat net allinnich gefolgen foar de mienskip yn in doarp of stêd, mar ek foar it lânskip. De tsjerken tekenje de skyline fan Fryslân, se binne beakens yn it lân en hearre sa by de identiteit fan ús provinsje.

Foto: Omrop Fryslân

Tsjerken te keap, diel 1: ‘It ôfskie.’ Yn ‘e tsjerke fan it doarpke Wânswert binne 800 jier lang Wânswerter famyljes doopt, troud en te hôf brocht. Nei in lang en emosjoneel proses nimt de tsjerkemienskip it beslút om de tsjerke oer te dwaan oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Tsjerken te keap, diel 2: ‘De takomst.’ Hokker funksje kinne leechsteande tsjerkegebouwen krije, sadat se ek foar de takomst beholden bliuwe? Fryslân DOK giet op ‘en paad mei meiwurkers fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken en it Steunpunt Monumentenzorg Fryslân. Yn in Ljouwerter tsjerke sitte no in skoalle en berne-opfang. De tsjerke fan Dedzjum herberget in B&B. Mar net foar ál dy hûndert tsjerken dy’t no op ‘e merk komme, sil sa’n nije bestimming fûn wurde. De fraach is: moatte jo alles wol behâlde wolle?

Fryslân DOK: it twalûk Tsjerken te keap

Diel 1, ‘It ôfskie’
Sneon 14 maart, 15.30 oere, NPO 2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling snein 15 maart 13.10 oere) 15 maart, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Diel 2, ‘De takomst’
Sneon 21 maart, 15.30 oere, NPO 2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling snein 22 maart 13.10 oere) 22 maart, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

maart 13, 2020 08:53 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.