Undernimmers en ynwenners Waadhoeke opmoedige

maart 31, 2020 10:03

Boargemaster Marga Waanders pleatste moandeitemoarn in doek mei in oprop oan ’e kant fan ’e dyk yn Frjentsjer. Dêrop stiet de tekst: “Zorg voor elkaar. Met een warm hart en een koel hoofd.”

Foto: Gemeente Waadhoeke

De gemeente wol dêrmei ynwenners en ûndernimmers opmoedigje. Boppedat ropt Waanders bewenners fan Waadhoeke op om gebrûk te meitsjen fan de bysûndere en ferantwurde tsjinstferliening fan de ûndernimmers. Dêrmei wurde ûndernimmers stipe yn dizze drege tiid fan maatregels tsjin it koroanafirus.

Alle wichtige eveneminten fan ’t maitiid ôfsein
It kabinet hat foar de perioade oant 1 juny alle gearkomsten, lykas festivals en eveneminten ferbean. Foar de stêd Frjentsjer betsjut it dat ûnder oare it moadewykein, it nije Oldies Festival, de Slachtemaraton, it NK keatsen foar junioaren en senioaren oergean. Foargeande jierren waarden de eveneminten op ’e doeken oan ’e kant fan de ynfalswegen bekendmakke.

Foto: Gemeente Waadhoeke

Spesjale aksjeside binnenstêdûndernimmers
Foarearst binne de winkels yn de binnenstêd gewoan iepen en hâlde ûndernimmers en klanten har oan de strikte foarskriften fan it RIVM. Foar winkeliers en hoarekaûndernimmers yn Frjentsjer is persoanlik kontakt altyd tige wichtich yn de gastfrijheid. No’t dat net kin, is yn gearwurking mei Undernimmersferiening Frjentsjer en Citymarketing Frjentsjer in spesjale side op www.franeker.frl set mei aksjes fan de ûndernimmers. Op dy wize kinne klant en winkelier inoar ta tsjinst wêze op in persoanlike en ferantwurde manier. It giet om online bestellen, fergeze besoarging of priveewinkeljen. Faak binne de iepeningstiden ek oanpast.

Www.franeker.frl iepen
No’t de hoareka ticht is, hawwe in lytse tweintich Frjentsjerter restaurants in besoarchtsjinst opset, sadat de keuken dochs iepen kin en fêste klanten noch altyd genietsje kinne fan de kulinêre ynset. Alle aksjes binne te finen op www.franeker.frl/open.

maart 31, 2020 10:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.