Grûnbank bringt gong yn gebietsprosessen

maart 6, 2020 07:40

Alle provinsjale stikken grûn wurde yn in grûnbank ûnderbrocht. Troch it frijmeitsjen fan in kredyt fan 23,5 miljoen euro is it mooglik nije grûn oan te keapjen en dêrmei gebietsprosessen op gong te bringen. Tink dêrby oan gebietsprosessen foar de oanlis fan natuer, it fuortsterkjen fan de lânboustruktuer en de feangreide- en stikstofproblematyk. It ynstellen fan de grûnbank is ien fan oanfollings fan de regels oangeande it oankeapjen, ferkeapjen en ruiljen fan grûn.

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

Deputearre Douwe Hoogland: “Mei de grûnbank en it kredyt kin de provinsje flugger ynspylje op mooglikheden dy’t him op de grûnmerk foardogge. Trochdat de grûnbank in oersjoch biedt fan alle provinsjale stikken grûn, kin der better ôfwoegen wurde wêr’t wy grûn foar ynsette. Sa kinne wy strategysker oankeapje, ferkeapje en ruilje. It op gong bringen fan gebietsprosessen helpt ús ek om ûnderskate funksjes op it goede plak te krijen mei in goede brûker of behearder. Fan ’t jier wolle wy de grûnbank ek yn gearwurking mei oare partijen ynsette om sa ta in oersjoch te kommen fan alle beskikbere grûn en alle grûn dy’t nedich is.”

It oanfolle grûnbelied makket it ek mooglik om yn it uterste gefal foar de oanlis fan nije natuerûnteigening ta te stean. Dat is in lêste rêdmiddel en wurdt allinne ynset as it giet om de alderlêste hektaren yn in grut oanien sletten gebiet, dêr’t it sukses fan de natuerûntwikkeling fan ôfhinget. Deputearre Hoogland: “Wy sille der altyd nei stribje om op basis fan minlikens grûn oan te keapjen.”

Provinsjale Steaten beslute yn april oer de oanfollings fan it grûnbelied.

maart 6, 2020 07:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.