Grinskorreksje Skiermûntseach

maart 18, 2020 08:43

It Waadgebiet is gjin dei gelyk. Troch de dynamyk fan it tij feroaret de foarm fan de eilannen. It eilân Skiermûntseach is dêrtroch oan de eastkant oer de gemeentegrins hinne groeid. Om ûndúdlikens oer behear en by kalamiteiten te foarkommen hawwe de kolleezjes fan de belutsen gemeenten en de provinsjes mei-elkoar besletten in grinskorreksje troch te fieren. It útstel is dat de nije grins yn ’e midden fan de geul fan de Eilanderbalch komt te lizzen, lykas by de foarige korreksje op 1 jannewaris 2006.

Ofbylding: Provinsje Fryslân

De proseduere
Foar de grinskorreksje tusken de gemeenten Skiermûntseach en Het Hogeland en tusken de provinsjes Fryslân en Grins is in offisjele weryndielings proseduere nedich. Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe 17 maart 2020, in wichtige stap yn de proseduere set: it fêststellen fan it weryndielingsûntwerp. De gemeenterieden fan de belutsen gemeenten en Provinsjale Steaten fan Grins wurde útnûge om op it útstel te reagearjen. Dêrnjonken is it foar elkenien mooglik om fan 25 maart oant en mei 19 maaie 2020 te reagearjen op de grinskorreksje.

It weryndielingsûntwerp kin ynsjoen wurde op de gemeentehuzen yn Winsum (Gr.) en Skiermûntseach, en op it Provinsjehûs yn Ljouwert. De dokuminten en ynformaasje oer de proseduere binne ek te finen op www.fryslan.frl/grensschiermonnikoog. Nei de sjenswizeproseduere wurdt it weryndelingsûntwerp as dat nedich blykt te wêzen  troch DS Fryslân oanpast en foar fêststelling foarlein oan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en Grinslân. De proseduere is derop rjochte om de grinskorreksje op 1 jannewaris 2021 yngean te litten.

maart 18, 2020 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.