Genêzen hiv-pasjint wol ambassadeur fan hoop wêze

maart 11, 2020 08:45

De twadde pasjint op ’e wrâld dy’t genêzen is fan besmetting mei it hiv-firus, hat himsels bekendmakke. It giet om de 40-jierrige Adam Castillejo, in Fenezolaan dy’t yn Londen wennet. Jierrenlang bleau er yn ’e anonimiteit, mar no fertelt er foar it earst syn ferhaal. Hy jout oan dat er de ambassadeur fan hoop wêze wol.

Hiv-dochterdieltsjes (ôfbylding: Wikipedia/publyk domein)

Utsein oan hiv lijde Castillejo ek oan leukemy. Yn The New York Times fertelt er dat er earst seroposityf wie en dêrnei mei akute leukemy konfrontrearre waard. Nei in stamseltransplantaasje fan in Dútske donor mei in beskate soarte mutearre sellen, blieken syn nije wite bloedsellen hiv-resistint.

Net folle donoaren hawwe dy sellen, dy’t ek by it genetysk profyl fan de pasjint passe moatte. It giet om in ekspermintele behanneling. Castillejos syn komôf bliek syn rêding te wêzen. De heit fan Castillejo, dy’t opgroeide yn Fenezuëla, blykt heal Nederlânsk te wêzen en dat ferklearret nei alle gedachten dat in Dútske stamseldonor gaadlik wie. Yn 2017 waard er hiv-frij ferklearre. Hy hoecht ek gjin medisinen mear te nimmen.

Yn 2011 genies in pasjint yn in Dútske klinyk nei in soartgelikense terapy. Neffens ûndersikers is de terapy net gaadlik foar alle hiv-pasjinten. It giet om in agressive en riskante behanneling dy’t allinnich op it genêzen fan leukemy rjochte is. Neffens de dokters biedt dy behanneling hoop yn de syktocht nei genêzing mei it brûken fan stamselterapy.

maart 11, 2020 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.