Frysktalige GGD-direktrise wol net mear Frysk prate

maart 11, 2020 21:33

Margreet de Graaf (foto: Omrop Fryslân)

Omrop Fryslân is yn prinsipe in Frysktalige stjoerder en almeast prate allinnich minsken dy’t gjin Frysk kinne, wat oars as dy taal, bygelyks Steds, Stellingwerfsk of Hollânsk. Dat jildt net foar Margreet de Graaf, de direktrise publike sûnens fan GGD Fryslân – in organisaasje dy’t allegear tsjinsten leveret op it mêd fan ‘e sûnens yn ‘e provinsje.

Frou De Graaf stie Omrop Fryslân altyd yn it Frysk te wurd, mar hja seit dat hja klachten krige hat fan minsken dy’t nei de Omrop seagen en har net ferstean koene as hja Frysk prate. Hja seit: “Niet dat er nu een ramp is, maar er is wel wat bijzonders aan de hand. Iedereen wil dan graag weten hoe het staat, en dan is het toegankelijker om het Nederlands te gebruiken.”

maart 11, 2020 21:33
Skriuw in reaksje

10 opmerkingen

  1. Pieter maart 11, 22:35

    Idioat dat se om in pear Antyfriezen nei it Nederlânsk oerskeakelet. Wy ha rjocht op ynformaasje yn ús eigen taal, al hielendal by ditsoarte wichtige saken! Ik wol elkenien opromme om by de GGD in klacht yn te tsjinjen, want dit liket nearne nei. Foar de Antyfriezen binne der genôch Nederlânske boarnen om it coronafirus te folgjen, mar foar ús is der gjin alternatyf.

  2. Pieter maart 11, 22:36

    Opromme moat fansels oproppe wêze.

  3. Klaas maart 11, 23:43

    Minsken dy’t Mefrou de direktrice net ferstean kinne, sjoche of hearre mar nei oare nijsboarnen lykas de NOS. Frou de Graaf makket har sels wat te wichtig. Warskynlik it Poeha virus tinkt my.

  4. Bakker maart 12, 07:39

    Nuver. Wa’t nei OMFRY harket, ferstiet Frysk. Oars harkest der net nei.

  5. Cor Jousma maart 12, 11:25

    Miskien kin de omropmeiwurk(st)er yn sa’n situaasje dy frou sin foar sin oersette yn it Frysk. Mar dan wol sin foar sin.

  6. Eeltsje maart 12, 13:55

    Prate hja sa min Frysk dat harkers nei Omrop Fryslân har net ferstean koenen?

  7. mbc84 maart 12, 17:34

    @Bakker: krekt. Sadwaande kinne wy konkludearje dat it fan dy anty-friezen west hawwe (faaks ek guon dy’t by dy GGD wurkje) dy’t der oer klage hawwe. Ôftwinge Hollânsk te praten, al hielendal by wichtige saken lykas brannen of no dit koronafirus.
    It is bespotlik en nearne foar nedich. Immen dy’t gjin Frysk ferstiet (ferstean WOL) sjocht en harket net nei Omrop Fytsbân. Boppedat hie der ek foar keazen wurde kinnen om har dan mar te ûndertiteljen yn dat Hollânsk. Mar sa’n Friezehater kin better ôfstimme op syn Hollânsktalige ynformaasjefoarsjenning en noch folle leaver opdonderje út ús Fryslân!

  8. E.koster maart 12, 20:21

    Taaldiktatuer! Lykas yn Ruslân, kin net!

  9. Michiel maart 13, 07:41

    Als Groninger werkzaam in Friesland (met heel veel plezier) en bezig de Friese taal eigen te maken, vind ik onderstaande reacties vrij stevig. Vooral dat er voor de Fries geen ander nieuws alternatief Is dan omroep Friesland. Dit is volgens mij wat overtrokken. Voor een Fries is omschakelen naar het Nederlands nog altijd makkelijk dan voor een niet-Fries (en dus niet meteen een Antifries) naar het Fries. Maar dan geldt precies hetzelfde……kunnen en willen. Ik snap de heisa niet zo. Omroep noord (Gronings) laat het gewoon aan de presentatoren en geïnterviewden over over ze Gronings of Nederland spreken

  10. mbc84 maart 13, 15:43

    @Michiel: hartstikkene moai datsto Frysk learst/leare wolst! Woe dat der mear wienen…
    It punt is him no krekt yn dat omskeakeljen. Der is altiten wol immen dy’t it net ferstiet/ferstean wol omdát it Frysk is. Soks betsjut dan dat wy altiten Hollânsk prate moatte fanwegen in pear dy’t net mei wolle en der altiten mar op steane dat wy ek Hollânsk prate kinne.
    It is no krekt tige wichtich dat yn situaasjes as dizze it Frysk brûkt wurdt as kommunikaasjetaal. It is nuver dat dyjingen dy’t der oer klage hawwe überhaupt nei de omrop sjogge, it is ommers yn it Frysk. Wêrom dan krekt no dan sa? Soks hat te krijen mei de miening dat yn gefaarlike situaasjes der allinnich mar wichtige en der ta dwaande talen brûkt wurde meie. No, ús Frysk is lyksa wichtich en docht der ta, foar ús. Frou De Graaf moat har ferbrekke, en soks heart net. Alhiel net tsjinoer de omrop.
    Ik bin fan miening dat in bûgjende hâlding oangeande it Hollânsk liedt ta it ferdwinen fan in taal. En soks sjoch ik hjir yn Grins, dêr’t ik tahâld. Ik haw it Grinzersk ferstean leard en soe it aardich prate kinne, mar nimmen praat it suver! Je moatte sykje. Op dy omrop RTV hear ik mar inkeld Grinzersk, it is allegearre Hollânsk. En dan kom ik yn ‘e kunde mei Grinzers, fan alle leeftiden. Benammen fan myn generaasje en dêr ûnder, praat gjin Grinzersk mear. “M’n ouders spraken Nederlands met ons, maar kan het wel verstaan”. Sa’n soad. En ik lit altiten myn begrutsjen sjen, want sa ferdwynt in taal…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.