Fryske maitiid brekt oan

maart 6, 2020 07:59

Op sneon 7 maart set de ‘Friese Lente’ útein: in drokke wike fol popkultuer troch hiel Fryslân hinne. Optredens, presintaasjes en wurkateliers mei de fokus op de libbene popkultuer yn ’e provinsje. De wike wurdt ôfsletten mei in fergees tagonklik festival yn Neushoorn op 14 maart.

The Cool Quest (boarne: Fryslân Pop)

Fryslân Pop hat mei it weifallen fan it Freezefestival in nije foarm fûn om it talint yn de Fryske popsêne te etalearjen. Yn nauwe gearwurking mei it Frysk Popnet en in protte oare partners is in wike fol (benammen fergeze) eveneminten opset mei ûnder oare de popkonferinsje Maaifjild, in masterles oer fideoklips en in wurkatelier foar jonge hiphop-acts. Der is ek in foto-eksposysje, en ferskate oefenromtes iepenje de doarren en fersoargje livesjo’s.

Yn Studio Penjum kinne ynteressearre muzikanten in fergeze les bandcoaching krije. De wike markearret de start fan de Lytse Priis fan Fryslân 2020 mei foarwedstriden op ’e Jouwer en It Hearrenfean en de start fan it nije projekt de Fryske Finylklup. De earste 12’’ komt fan de band Hilbrandt. In oar hichtepunt is de presintaasje fan in nij tydskrift mei in aktuele blik op de Fryske popsêne troch 3voor12/Fryslân en in unyk ûntwerp fan de Cowboy Killers.

By de Fryske Maitiid wurdt yn IepenUP Live en Noardewyn ekstra omtinken jûn oan nijsgjirrige aspekten fan de popkultuer yn Fryslân. De hiele wike wurkje in Fryske en in Noarske band (Feral Tides en Way Down The Rainbow) gear oan nije muzyk yn it ramt fan Stage Europe Network Music Exchange. De bomfolle wike wurdt ôfsletten mei it FREE Festival, in fergees evenemint yn Neushoorn mei sa’n tritich bands en acts, wêrûnder The Cool Quest, Turboguru, Esther de Jong en in sterk hiphop-programma.

Gearwurking
Fryslân Pop hopet mei it inisjatyf Friese Lente in jierliks weromkommend evenemint te realisearjen, dêr’t talint troch de hiele provinsje him op presintearje kin troch de nauwe gearwurking mei it folsleine (pop)fjild. Foar de edysje fan dit jier is gearwurke mei LF2028, Popfabryk, Neushoorn, Poadium It Bolwurk, Iduna, Cowboy Killers, 3voor12Fryslân, IepenUP Live, Snoet en Smoel, Deeptrax, Up North!, Stage Europe Network, 8501INDIE, ScooterS, New Noardic Wave, Maaiveld, Muzykfabryk, Kortsluiting, Noardewyn, Popsport, It Dockumer Lokaeltsje, Concerts & More, Studio Penjum, Popkelder en in protte oaren.

maart 6, 2020 07:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.