Fryske kranten dogge neat mei Frysktalige parseberjochten

maart 16, 2020 15:43

Parseberjochten binne suggestjes foar nijsmedia om in artikel te skriuwen of in reportaazje te meitsjen. In soad lytse kranten en nijswebsites beskôgje se lykwols as kant en kleare artikels, dy’t yn har hiele hear en fear oernommen wurde.

It Nijs kriget in soad parseberjochten yn oare talen as it Frysk. Dy wurde altiten oerset. Op deselde wize sette kranten parseberjochten út oare talen oer yn de taal dy’t se brûke. Omrop Fryslân makket der Frysktalige reportaazjes fan, de Telegraaf Nederlânsktalige en de Ljouwerter Krante meast Nederlânske, mar inkeldris Fryske.

By in pear lytse kranten yn Fryslân hawwe se net hielendal begrepen wêr’t in parseberjocht foar bedoeld is, sa docht bliken út dizze ûnderfining fan de FNP, dy’t op Facebook ferskynd is. En fuortendaliks blykt dat der by dy Fryske kranten minsken wurkje dy’t fan de eigen taal neat hawwe moatte.

maart 16, 2020 15:43
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. jangerben maart 18, 12:30

    Jimme oatte it NDC oansprekke, dy slacht hjir foar master op.Hie’k ek alris oanjûn by de Fryske beweging.

  2. Hâns J. Weijer maart 18, 15:19

    Doch ris in skoftke de Fryske oersettting derby. De oast sit neffens my yn it ûntbrekken fan kennis fan it Frysk. Ris sjen wat se dan dogge.

  3. Jabik van der Bij maart 19, 11:56

    It is net de earste kear dat de Drachtster sa yn it nijs komt. Yn it ferline waard Geale de Vries (silliger) syn taalpraatsjes yn dy krante oan ‘e kant reage. Tenei soe it Frysk gjin plak mear ha yn de Drachtster. De Fryske oersetting dêr’t Hâns har mei yn ‘e mjitte komme wol sil dêr gjin feroaring yn bringe. It liket my better om in klacht by Tûmba yn te tsjinjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.