Fryske hegeskoallen geane ticht: gjin kolleezjes en tentamens yn maart

maart 12, 2020 22:31

De Fryske hegeskoallen NHL Stenden en Van Hall Larenstein geane ticht. NHL Stenden lit alle kolleezjes en tentamens yn de moanne maart ferfalle. De Ryksuniversiteit Grins giet noch fierder: dêr falle alle ûnderwiisaktiviteiten oant 10 april út. De biblioteken en stúdzjeromten fan de universiteit geane ek ticht.

Oare Nederlânske hegeskoallen en universiteiten hawwe deselde of ferlykbere maatregels nommen. Dat dogge se op advys fan de koepelorganisaasjes fan Nederlânske universiteiten en hegeskoallen. Doel is om de fierdere fersprieding fan it koroanafirus yn Nederlân te kearen.

Minister-presidint Mark Rutte advisearre de ynstellings foar heger ûnderwiis hjoed om harren kolleezjes safolle mooglik online oan te bieden. NHL Stenden en de Ryksuniversiteit besleaten earder op ‘e dei op basis dêrfan om kolleezjes mei mear as hûndert studinten ferfalle te litten en se sa mooglik te ferfangen troch fideokolleezjes fia ynternet. Dat belied is no dus oanpast, ek de lytsere kolleezjes en toetsen geane ynearsten net troch.

Skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis en ynstellings foar middelber beropsûnderwiis bliuwe foarearst wol iepen.

Berjocht op it webstee fan hegeskoalle NHL Stenden:


Net elkenien is treurich om it beslút. Taalkundige Marc van Oostendorp skriuwt dat er no in moaie gelegenheid is om kolleezjes op fideo op te nimmen en dy foar elkenien iepenbier te meitsjen:

maart 12, 2020 22:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.