Frysk wetter as waarmteboarne

maart 16, 2020 09:04

It Fryske wettter kin oer in pear jier as waarmteboarne brûkt wurde. Provinsje, Wetterskip en gemeente Súdwest-Fryslân wolle it winnen fan waarmte út wetter op grutte skaal ynsette om huzen te ferwaarmjen. Akwatermy is in nije waarmteboarne en in skjin alternatyf foar ierdgas. Yn Heech binne fiergeande plannen om op dy wize alle wennings yn it doarp te ferwaarmjen. Fryslân set dêrmei in earste grutte stap om Europeesk foarrinner te wurden op it mêd fan dy waarmtetechnyk.

Foto: Provinsje Fryslân

Fryslân sjocht ekonomyske kânsen troch kennis en kunde oer akwatermy nei de provinsje te heljen en fierder te ûntwikkelen. De trije partijen wolle mei ferskate projekten yn kaart bringe wat akwatermy betsjut foar de wettertemperatuer, wetterkwaliteit en natuer. Dêrnjonken wurdt ûndersocht wat der fanneden is op it mêd fan regeljouwing, finânsjes en organisaasje om dy technyk mei sukses yn te fieren.

Waarm Heech
De ynwenners fan Heech wolle de Hegemer Mar brûke om it folsleine doarp te foarsjen fan waarmte. Hja slute dêrfoar alle 864 wennings oan op in waarmtenet dat fuorre wurdt mei waarmte út de mar. De Enerzjykoöperaasje Heech hat it projekt betocht en opset. In subsydzje fan it Ryk moat it mooglik meitsje om it plan oant yn detail út te wurkjen en dermei begjinne te kinnen.  Provinsje, Wetterskip en gemeente stypje de doarpsbewenners.

Kennis opdwaan
Om safolle mooglik ûnderfining op te dwaan mei akwatermy begjinne yn Fryslân ferskillende grutte en lytse projekten. Fan ein 2021 ôf wurdt it Swettehûs yn Ljouwert ferwaarme mei wetter út it Van Harinxmakanaal. Ut dy lokaasje wei betsjinje brêgewachters de brêgen yn Fryslân. Wenmienskippen en wenwiken binne ek yn byld om mei te dwaan as proefprojekt.

Akwatermy
It winnen fan waarmte út wetter wurdt al op ferskate plakken dien. It is noch nea earder dien op sa’n grutte wize as yn Heech. Ut earder ûndersyk hat bliken dien dat akwatermy mear as ientredde fan de Fryske huzen en gebouwen fan waarmte foarsjen kin.

maart 16, 2020 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.