Friezen ride it faakst yn diselauto’s

maart 3, 2020 08:57

It oantal persoane-auto’s dy’t op disel ride, ferskilt de provinsje. Fryslân stiet dêrby op it earste plak. Hast in fearn fan de partikuliere persoane-auto’s yn ús provinsje rydt op disel. Dat docht bliken út in brânstofûndersyk fan Independer, dat dêrfoar mear as in miljoen ferlikings fan autofersekeringen op syn online platfoarm analysearre.

Foto: pixabay.com

As it om hybride of elektryske auto’s giet, lit it ûndersyk sjen dat Flevolân foarop rint. Independer seach ek nei ‘âlde disels’ fan foar 2005 – fan dat jier ôf waarden de emisjenoarmen stranger – yn de fjouwer grutte stêden. Yn Rotterdam rydt it heechste persintaazje fan dy âldere diselauto’s om.

Diselskamte yn Limburch?
Ut de analyze fan Independer docht bliken dat Limburgers it minste mei diselauto’s op hawwe. Dy provinsje telt, mei mar 12,4 persint, it leechste persintaazje persoane-auto’s fan Nederlân dat op disel rydt. Dat is hast de helte fan it persintaazje fan it Fryske diselweinpark (24,2 persint).

Yn it ûndersyk seach Independer nei it brûken fan disel-, benzine-, elektryske en hybride persoane-auto’s. Nettsjinsteande dat benzine de measte foarkommende brânje foar persoane-auto’s is, ferskilt it brûken dêrfan yn de provinsjes. Yn Flevolân hat minder as santich persint fan de persoane-auto’s in benzinemotor.

Flevolân koprinner elektryske en hybride auto’s
Flevolân hat fierwei it heechste persintaazje elektryske en hybride auto’s. It giet om hast tsien persint fan it weinpark. Dat is mânsk yn ferliking mei de provinsje Drinte, dêr’t dat by mar 3,5 persint fan de partiuliere persoaneauto’s it gefal is.

Minste hybride en elektryske auto’s yn Rotterdam
Fan de fjouwer grutte stêden rydt yn Rotterdam relatyf it lytste oantal hybride en elektryske auto’s. Yn de Maasstêd is 1,3 persint fan it weinpark elektrysk en noch gjin trije persint is hybride. De Haach is mei seis persint koprinner op it mêd fan hybride auto’s. Amsterdam hat mei 3% it heechste persintaazje elektryske auto’s.

Measte âlde disels yn Rotterdam
Op 1 jannewaris 2005 stelde de EU strangere regels yn foar de útstjit fan disels. Independer seach dêrom spesifyk nei de oantallen disels fan foar dat jier yn ’e grutte stêden. De measte fan dy auto’s binne te finen yn Rotterdam, dêr’t goed fjirtjin persint fan de disels fan foar 2005 is. Yn Amsterdam leit dat persintaazje op hast njoggen persint.

Sjoch hjir foar de ynteraktive brânstofkaarten fan Nederlân.

maart 3, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.