Frânsktalich ‘non’ tsjin Belgysk needregear

maart 15, 2020 20:28

België bliuwt sûnder regear. It foarnimmen fan sneontejûn om mei seis grutte partijen in needregear te foarmjen, is stomprûn op in ‘non’ fan de Frânsktalige Parti Socialiste. Foaroanman Paul Magnette wol gjin koälysje foarmje mei de N-VA fan Bart de Wever.

Nettsjinsteande in lange gearkomste wol de PS net langer meiwurkje oan in needregear. Magnette is lilk dat de N-VA partijpolitike ûnderhannelings fiere woe. Sa woe de partij as grutste fan de seis de premier leverje.

Ynterim-premier Sophie Wilmès bliuwt ynearsten sitten.

maart 15, 2020 20:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.