Frâns Kuipers: Sûn ferstân en kreativiteit…

maart 21, 2020 20:00

Kollum

Oer de hiele wrâld raast it koroanafirus as in dwaas yn it rûn. Dat ûnsichtbere meunster easket in protte slachtoffers en hat grutte ynfloed op ús deistich libben. En it is noch lang net foarby. Fryslân komt noch oan bar, dat kin net misse! Premier Rutte hat ús ‘as in Kening’ tasprutsen. Sûnder in laits. Kening Willem-Alexander hat ús ek earnstich ta sprutsen. De earnst fan de saak is ús goed dúdlik makke.

Hanwaskje by de Jumbo. Foto Frâns Kuipers

By de Jumbo (by ús yn it Fean) wie in man dy’t it ferpofte om de hannen te waskjen. “Wat in ûnsin.” Syn frou rûn skuodholjend efter him oan. Ik wosk se wol. Tweintich sekonden. Underwilens gnyskjend om it ‘ik ferpof it’- tafreeltjse.  Ik haw der laitsjend wat fan sein:  “As jo frou siik wurdt, is it jo skuld.” Hy lake in bytsje en steapele de boadskippen yn de laadbak fan de auto.

Politike oanpak
Benammen yn tiden fan ûnwissigens is ienheid, struktuer en dúdlikens winske. Dat jildt altyd! By dizze krisis steane de measte politike partijen efter it kabinet, útsein Wilders en Baudet. Dy roppe en raze dat Nederlân ‘op slot’ moat. De wurkwize is dat de útfiering fan it belied alle dagen bysteld wurde kin. Sûnt it skriuwen fan dizze kollum en de tiid dat er op It Nijs te lêzen is, sil der grif it ien en oar yn it belied feroare wêze. Ik hearde dat de âlderein yn soarch- en ferpleechhuzen gjin besite mear krije mei. Soks knalt deryn. Krûpe wy dan dochs stadichoan nei ‘Nederlân op slot?’ Meie we aansten allinne mar mei in útprinte  tastimmingsbriefke de doar út foar iten, medisinen en benzine? De oarloch tsjin in ûnsichtber en slûchslim firus as fijân is yn folle gong. Us ekonomy wurdt hoe dan ek rêden. Politisy slaan harren sels al wer op it boarst.

Applaus as wurdearring
Nei ôfrin fan dizze firusramp sil bliken dwaan oft de keazen oanpak de bêste west hat of dat it just hiel oars moatten hie. Op ’e taast sykje wy hjoed-de-dei de bêste útwei. Op it stuit is elkenien grutsk op alle minsken dy’t yn ‘fitale’ beroppen wurkje. Applaus foar harren klonk oer hiel Nederlân. De kening en syn hûshâlding applaudissearren ek. Underbetelle soarchwurkers steane ynienen boppe-oan de wurdearringsljedder! De rige fan ‘fitale’ beroppen is fansels folle langer. Wat moatte wy – as mienskip – sûnder fakkefollers, kasjêres, frachtweinsjauffeurs en neam se allegearre mar op? De (stille) krêften yn ús mienskip komme yn aksje, as it nedich is. Politisy binne ferbjustere oar wat der allegearre oan kreativiteit los komt. As alles wer foarby is, sil bliken dwaan hoe’t wurdearring foar fitale beroppen trochwurket yn hegere salarissen. Soene de hege salarissen fan managers en ûnnedich hege bonussen fan toppers no einlik ris nei ûnderen bystêld wurde? Ik bin benijd.

Minderje as biedwurd
Wy libje – as wrâld – yn ûnrealistyske tiden. Safolle is wol dúdlik. Tagelyk is dat in learskoalle. It ferneatigjende firus wiist ús op ús grinzen. Dat jild sawol yndividueel as kollektyf. Under dizze krisis leare wy –  graach of net – better om te gean mei limiten. Wrâldwiid reizgje en hinne en wer fleane wurket negatyf út. Massaal minderje en leare om te gean mei beheiningen binne nije en grutte útdagingen. Lúkse went. Grinzen binne der net; alles is mooglik of moat mooglik makke wurde. Dat soarte fan tinken, fan dwaan en litten is stadichoan djip ynbêde yn ús DNA*. Fleantugen steane ûngeduldich te wachtsjen om fakânsjegongers, sakelju, politisy en neam se mar op, oeral hinne te bringen. Fan A nei B hinne en wer fleane is foar in hiel soad minsken in libbensdoel. Troch alle beheiningen by it hinne en wer fleanen docht bliken dat de loft yn tiden net sa skjin en súver west hat. Ek de stikstofútstjit sakket alle dagen fierder en sûnder gejammer ride wy 100 km/û op autodiken. Minderje kin dus wol. Gewoan ús sûn ferstân brûke!

maart 21, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Joute De Graaf maart 25, 17:58

    In hiel goed skreaun stik fan Frâns. In pear kearnpunten binne: de beleaningsskalen moat op ‘e nij besjoen wurde; banen fan ambtners en sekundêr stypjende wurkers nei ûnderen yn lean yn fergelyking mei ferpleechsters en ûnderwiisfolk. En… minderje yn alles. Ophâlde mei groeimodellen

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.