‘Fräiske Soang’ – Frysk muzykprojekt hat stipe nedich

maart 4, 2020 08:50 Fernijd

It East-Fryske muzykduo Jank Frison hat in bysûnder projekt op him naam: de cd Fräiske Soang wurdt ein maart opnaam. Alle nûmers op dy cd hawwe teksten yn it Sealtersk, Aldfrysk of Oostfreeske Taal (East-Frysk Nederdútsk).

Jank Frison (foto: Annele Rewerts)

It haad fan it duo, de East-Fryske muzikant en auteur Stefan Carl em Huisken út Norden, pleitet al jierren foar de Fryske saak. Doe’t it Friesische Forum e.V. mear as tweintich jier lyn yn East-Fryslân oprjochte waard as in soarte feriening foar Fryske belangen, wie er der al by behelle. Hy learde op himsels de Oostfreeske Taal, want hy groeide net mei dy taal op. Sûnt twa jier skriuwt er ek teksten yn it Sealterfrysk. Foar syn earste lietsje koe Gretchen Grosser (†) – in grut foarstanner fan it Sealterfrysk – him noch helpe. Hja hold fan de tekst, sa’t se dy skreau.

Tegearre mei Heike Büsing út Jade, dy’t ferskate doedelsekken spilet, hat Em Huisken (hy sjongt en spilet gitaar, akkordeon, hamboai en bombarde) mei it duo Jank Frison faak muzyk bydroegen oan de Fryske gearkomsten op pinkstertiisdei by de Upstalbeam yn Aurich/East-Fryslân. Dêr, by de Upstalbeam, waard it idee berne om nije lietsjes te skriuwen yn de Aldfryske taal, dy’t yn East-Fryslân al lang útstoarn is. Mar dy libbet noch hieltyd, as Sealterfrysk.

Dat spesjale projekt hat driuwend stipe nedich. Foaral moat der noch wat jild by komme om de studio en de produksje fan de cd te beteljen. Wa’t op ien of oare wize helpe wol, kin kontakt opnimme mei Stefan Carl em Huisken, tel. +49 – 4931-972537, E-mail info@emhuisken.de. Mear oer it projekt Fräiske Soang, it duo Jank Frison en Stefan Carl em Huisken is te finen op www.jank-frison.de en www.emhuisken.de.

Wa’t op ’e hichte bliuwe wol fan it projekt, kin him abonnearje op de e-post op beide websiden.

maart 4, 2020 08:50 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.