Folkert Groenveld kampioen Fryslân Open 2020

maart 8, 2020 19:31

Frjentsjer, 7 maart. Yn in needsaaklik wurden twakamp spilen Folkert Groenveld út Jutryp en Alexander Georgiëv út Sint-Petersburch justerjûn yn it riedhûs fan Frjentsjer om de beslissing yn it kandidatetoernoai Frysk damjen. Oerdei wiene dy twa gelyk einige. Neidat Groenveld freedtejûn de earste partij fan Georgiëv ferlern hie, wûn er sneon de twa oerbleaune partijen fan Hein de Vries en de middeispartij fan Jelle Wiersma. Nei in beroerde start yn it planetarium is hy de terjochte winner fan it WK kandidatetoernoai Fryslân Open. Yn alle trije partijen yn de finale wûn er. Mei Groenveld hat it toernoai in ferrassende winner. Foarôf wiene Jelle Wiersma en Alexander Georgiëv de favoriten foar de titel.

Folkert Groenveld mei de wrâldkampioen Frysk damjen Marten Walinga útdaagje foar in match om de wrâldtitel. Dy match oer alve partijen wurdt dit jier holden.

De finale-omloop waard foar de tolfde kear yn it prachtige stedhûs fan Frjentsjer spile. Groenveld kaam nei syn minne partij fan freed better foar it ljocht en wie sneon yn de twadde omloop syn tsjinstanner de baas. Hy drige troch de rjochterflank fan Hein de Vries hinne te brekken. Jelle Wiersma luts de ranglist wer gelyk troch te winnen fan Georgiëv, dy’t ferlear trochdat er oer de tiid kaam. Doe hie elkenien nei de twadde omloop werd deselde útgongsposysje. Yn de tredde omloop wûnen Georgiëv en Groenveld. Dy lêste mocht net kleie, hy stie kamp, mar syn tsjinstanner, Hein de Vries, seach dat net. Georgiëv wûn úteinlik de partij en in twakamp wie needsaaklik. In de earste partij fan de twakamp stie Folkert Groenveld folslein ferlern, mar ûntsnapte nei kamp, omdat Georgiëv de winst yn de beheinde tiid net each. Yn de twadde partij wûn Groenveld dochs noch oertsjûgjend en dêrmei de titel.

Georgiev (l) en Groenveld. Liuwe Westra fiert de partij yn in tablet yn foar it ynternet. Foto: Marten Walinga

PlNaamRating1234 We Wi Re Ve Pt SB
1 Alexander GeorgievGMI 2445X101320123
 Folkert Groenveld0X11320122
3 Jelle Wiersma10X0310212
 Hein de Vries001X310211

 

Hans Jansen winner Mastergroep
Yn de Mastergroep wûn yn de earste omloop Auke Zijlstra fan Alexej Domchev. Hans Jansen en Konstantsin Nord dielden de punten. Yn de twadde omloop wûn Jansen fan Auke. Jansen wûn yn de tredde omloop ek, no mei in elegante kombinaasje nei dam fan Alexej Domchev en dêrmei de Mastergroep fan it Fryslân Open. De Mastersgroep bestiet út de earstfolgjende fjouwer net by it dambûn Frysk Damjen oansletten spilers (spilers fan bûten Fryslân).

Under it toernoai wurde de foaromlopen fan it WK FRYSK! ek spile. Dêr is Alexander Schwarzman ek by. Der is in bus mei spilers út Italië kommen om oan dat kampioenskip mei te dwaan. In stikmannich Italianen is net kommen om it coronafirus. Taeke Kooistra, Tsjerk Wijbenga, Patrick Casaril, Alexander Shvartsman en Dicky Van Der Meer pleatsten har foar it WK FRYSK! dat snein spile wurdt.

maart 8, 2020 19:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.