Filmkompilaasje Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân

maart 12, 2020 09:03

BS´er op de Wurdumerdyk (byld: Frysk Filmargyf)

Yn gearwurking mei it Frysk Filmargyf lansearret it Frysk Fersetsmuseum in film by it edukaasjeprojekt Fryslân 75 jier frij. De film is in nije ferzje fan de kompilaasje dy’t fiif jier lyn makke waard. De bylden binne yn de Twadde Wrâldoarloch makke troch amateurfilmers. De fernijde kompilaasje is foarsjoen fan in voice-over en lit ek fragminten sjen út films dy’t de ôfrûne fiif jier by it Frysk Filmargyf ynkommen binne.

De film gie okkerdeis yn premjêre by learlingen út groep 7 en 8, dy’t fia Schoolkade it programma Kind in oorlog folgen yn it Frysk Fersetsmuseum. De bylden fertelle oer mobilisaasje, de maaiedagen fan 1940, besetting, krapte, ferset en befrijing. Guon bylden binne mei gefaar foar eigen libben makke. De film is online te besjen yn it Nederlânsk en Frysk fia it YouTube-kanaal fan it Frysk Filmargyf en op it webstee fan it Frysk Fersetsmuseum. In soad fan it filmmateriaal is ek te sjen yn de útstalling yn it Frysk Museum by gelegenheid fan 75 jier frijheid.

Byld: Frysk Filmargyf

Utstalling Frysk Museum
Yn 2020 is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard. Ta gelegenheid dêrfan lit it Frysk Museum yn gearwurking mei Tresoar, it Frysk Filmargyf en Histoarysk Sintrum Ljouwert films en foto’s fan de Twadde Wrâldoarloch en de befrijing yn Fryslân sjen. Yn de útstalling, dy’t fan 11 april o/m 6 septimber 2020 te sjen is, wurde bekende en minder bekende ferhalen ferteld oer it deistige libben yn Fryslân yn oarlochstiid. De útstalling slút oan by it lanlike projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto’s fan it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie (NIOD).

It Frysk Fersetsmuseum is ûnderdiel fan it Frysk Museum. It Frysk Filmargyf is ûnderdiel fan stifting Film yn Fryslân.

maart 12, 2020 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.