Feroarings yn (online) keapgedrach troch it koroanafirus

maart 25, 2020 08:43

Sûnt der beheinings ynsteld binne yn ferbân mei it koroanafirus is it (online) winkelgedrach yn Nederlân sterk feroare.

Foto: pixabay.com

As trochsneed fan online winkeljend Nederlân hat Beslist.nl in oersjoch makke fan produktkategoryen dêr’t de besikers- en ferkeapsifers de ôfrûne perioade it meast fan wizige binne. Sawol yn positive as yn negative sin. Dat oersjoch is hjir te finen en sil hieltyd bywurke wurde mei de resintste trends.

Nederlân wurket ûnderwilens alwer in goed wike (foar it measte part) thús. Njonken de yngripende maatskiplike gefolgen, hat dat ek grutte ynfloed op it keapgedrach fan minsken. Yn supermerken wurdt in protte hamstere, mar ek op ynternet wurdt folle faker nei guon produktkategoryen socht.

Beslist.nl makke in oersjoch fan produktkategoryen dy’t de ôfrûne wike folle populêrder, en just folle minder populêr wiene.

Ofbylding: Beslist.nl

maart 25, 2020 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.