Feriene Keninkryk lit gjin bûtenlanners mei lege oplieding mear ta

maart 11, 2020 22:06

“Der bliuwt yn Grut-Brittannië altyd plak foar de tûkste en de bêste ymmigranten, mar de ûnbestjoerbere weach fan arbeidsmigranten mei in lege oplieding sil ophâlde.” Dat seit de Britske ministerske fan ynlânske saken Priti Patel.

“Wy diskriminearje net langer tusken ymmigranten út de EU en sokken fan dêrbûten”, seit hja. It Feriene Keninkryk nimt in foarbyld oan Australië, dat it rjocht op ferbliuw yn it lân ferbynt oan oplieding, ûnderfining, salaris, wissichheid fan wurk en behearsking fan de lânstaal. Wa’t him tenei yn it FK fêstigje wol, moat it Ingelsk goed yn ‘e macht hawwe, wis wêze fan wurk en dêrmei op syn minst tritichtûzen euro yn it jier fertsjinje.

Yn de Britske hoareka en túnbou binne se net sa wiis mei de maatregel. Dy sektoaren draaie foar in grut part op bûtenlânske wurknimmers mei amper oplieding. De Skotten binne der ek net gelokkich mei: wylst tritichtûzen euro yn Ingelân in modaal ynkommen is, is it yn Skotlân in behoarlik salaris.

Neffens frou Patel kin it FK de fakatueres sels wol opfolje. Hja wiist derop dat in protte Britten wurkleas binne en dat dy it wurk tenei gewoan dwaan moatte.

maart 11, 2020 22:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.