Ferhalewedstriid DE NIJE – Rekreaasje

maart 14, 2020 11:36

Pixnio.com

It aprilnûmer fan DE NIJE hat as tema Toerisme en rekreaasje. Foar de wenstige priisfraach wurde diskear by dat tema passende ferhalen socht: nijsgjirrich, spannend, grappich of sels learsum. Maksimaal 1000 wurden. Eventueel mei bypassende yllustraasjes.

Ynstjoere oant en mei 1 april 2020 nei redaksje.denije@gmail.com.
De moaiste ferhalen wurde publisearre yn DE NIJE en/of op IT NIJS. Foar de winnende ferhalen binne moaie prizen beskikber.

It jannewarisnûmer dêr’t de priisfraach yn oankundige wurdt, leit op dit stuit yn de boekhannels, by de Bruna, de Primera en yn de supermerken fan Poiesz (as it net útferkocht is). Wa’t it tydskrift net mear besette kin, kin in mailtsje stjoere nei: redaksje.denije@gmail.nl en dan stjoere we it foar 4,95 ta.
Yn dat temanûmer oer ‘iten en drinken’ wurdt tagelyk de nije priisfraach oankundige. Dat is diskear in ferhalewedstriid.

Om’t DE NIJE altyd in temanûmer is en omdat it tema fan ein april ‘Toerisme en rekreaasje’ is, hat de redaksje betocht dat it aardich is en en freegje om ferhalen oer ‘rekreaasje’. Dat moat foar in protte skriuwers grif in noflike opdracht wêze. De moaiste ferhalen wurde publisearre yn DE NIJE en/of op IT NIJS. Foar de winnende trije ferhalen wurde moaie prizen beskikber steld.

maart 14, 2020 11:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.