Fergje Baudet no ris op it FVD-stânpunt oer Fryslân

maart 1, 2020 10:59

Ynstjoerd

Forum voor Democratie hâldt op moandeitejûn 6 april in gearkomste yn de Harmonie yn Ljouwert. De hearen Baudet en Hiddema komme beide. De earste oanstriid fan in soad minsken sil wêze: negearje, net hinne gean. Mar wy soene der ek oars nei sjen kinne. En oars dermei omgean.

Faaks is dit in aardige gelegenheid foar bewuste Friezinnen en Friezen om massaal nei dy FVD-gearkomste te gean en dêr beide hearen te freegjen, hoe’t hja krekt de ferhâlding Nederlân-Fryslân sjogge. En wy soenen ek freegje kinne oft der by FVD echt wol romte is foar de Fryske identiteit, nettsjinsteande it bewijreekjen yn dy partij fan de Blokkearfriezen en foarfrou Jenny Douwes. Of is it by FVD Nederlân foar en Nederlân nei mei Fryslân allinnich foar de aardichheid as it harren goed útkomt der mar wat op ta? Ik hoech dêrfoar allinnich mar te wizen op it hâlden en dragen fan de FVD-lju yn de Fryske Steaten, om datoangeande hiel erchtinkend te wurden.

Faaks is it ek aardich om Thierry Baudet ris neier te befreegjen oer de útspraak op side 339 fan syn boek De aanval op de natiestaat fan 2012. Dêr seit er: ‘Dit boek is geen verdediging van de huidige grenzen: het is een verdediging van grenzen in het algemeen. Om die reden zou de democratische rechtsstaat dus ook niet noodzakelijkerwijs worden ondermijnd door een verandering van de momenteel bestaande grenzen. De staten van vandaag vormen niet noodzakelijkerwijs een afspiegeling van de bestaande nationale identiteiten.’ It giet him derom, dat de kombinaasje fan soevereiniteit en nasjonaliteit de unike mooglikheid foarmet ta in demokratyske rjochtssteat. ‘Niet dat we stijfjes moeten vasthouden aan toevallig bestaande grenzen’, seit er der dan noch by. Hy neamde doe ek de ôfskieding fan Skotlân en de opdieling fan België yn twa steaten. Soks soe neffens him bêst kinne.

Hy neamde ús doe net, mar dat wie ek net sa nuver, sjoen de hûnstrou fan guon ynwenners fan Fryslân oan de Oranjemonargy en de Hollânske steat en it doe noch ûntbrekken fan in noardlik alternatyf. Dat alternatyf, dat perfoarst net halt hoecht te hâlden by de grinzen fan de provinsje Fryslân, liket der no ynienen wol oan te kommen. Boeren dy’t oant yn Brabân Fryske flaggen op harren aksjetrekkers meifierden en fier oer de tûzen Noard-Hollanners dy’t okkerdeis oansluting by de provinsje Fryslân easken. Jo kinne mei de ivige Fryske skepsis sizze: ‘Dat wurdt dochs neat’, en dan der wat lêbjend efteroan: ‘Se moatte earst mar ris op in kursus fan de Afûk, dan sjogge wy wol fierder.’ Mar wy soenen ek de kânsen sjen kinne en se gripe.

Kerst Huisman

 

maart 1, 2020 10:59
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Abe maart 2, 21:17

    Nijsgjirrich. Wêrom soenen wy de miening fan in rassist oer Fryslân witte wolle?

  2. Kerst Huisman maart 3, 09:51

    Ik tink dat’sto myn opmerking net goed begrepen hast Abe. FvD hat ek aardich wat oanhing yn Fryslân, oer it generaal fan minsken dy´t foaral ek tinke binnen it ramt fan Baudet, bygelyks op it mêd fan de ekonomy en it behâld fan tradysjes. Se tinke ek dat Fryske tradysjes by FvD feilich binne. Mar de man is ek in Hollânske nasjonalist. Yn dy syn filosofy past binnen Nederlân gjin konkurrearjend nasjonaal gefoel. Om dêroer foar in publyk út Fryslân (want dat komt dêr grif, ik wiis op de folle seal dy’t FvD in jier lyn yn Drachten luts) him, útspraken te ûntlokjen, liket my krekt in nijsgjirrige saak ta. Sadat de fraksje fan FvD yn de Fryske Steaten oer trije jier automatysk wer lytser wurdt.

  3. Pieter maart 8, 13:03

    Wa’t yn Baudet in rasist sjocht hat hielendal neat fan dy man begrepen en praat allinne in bytsje ûnnoazel oare minsken nei. Abe: wês in Fries en tink foar dysels nei, ynstee fan domwei achter oaren oan te rinnen. Hoewol’t ik krityk op in tal fan stânpunten fan FVD ha, ûntbrekt it my net oan it ferstân om te sjen dat de rasismestimpel neat mear as dreksmiterij fan tsjinstanners is.

    Oer it stik: ik bin lykas Kerst tige benijd nei wat Baudet en Hiddema te sizzen ha, en hoe’t dat yn ferhâlding ta de provinsjale polityk stiet. Oer de toan fan in oantal leden fan FVD Fryslân wat de Fryske taal oangiet bin ik nammentlik net sa te sprekken.

  4. Abe maart 8, 14:59

    Do silst my fertelle wat ik ‘domwei’ dwaan en litte en tinke moat? Wa bist eins, anonime ophakker?

  5. Pieter maart 8, 20:19

    Better lêze. Ik jou dy it advys om sels nei te tinken ynstee fan allinne ûnnoazel praat datst earne heard hast te werheljen. Wat dyn lêste fraach oangiet, lit ik mar de meast folwoeksene wêze en dêr net op yngean.

  6. Abe maart 8, 22:49

    Wês in Fries? Nochrisom: wa bist eins, anonime ophakker?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.