Fergeze temapakketten foar pjutten yn Achtkarspelen

maart 28, 2020 10:54

Sûnt freed dielt de gemeente Achtkarspelen, yn ’e mande mei berne-opfangorganisaasjes dêr, temapakketten út oan alle pjutten yn dy gemeente.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Mei’t pjutten troch de koroanakrisis net nei it pjutteboartersplak of de dei-opfang kinne, misse se ûntwikkelingskânsen dy’t sy normaal sprutsen op ’e opfang oanbean krije. “Yn de fergeze lespakketsjes sitte alderhande ideeën foar aktiviteiten dy’t de âlden thús mei harren bern ûndernimme kinne”, seit wethâlder Jouke Spoelstra. “Sa kinne se har yn dizze rite boartsjenderwei dochs trochûntwikkelje. En it is foaral moai om it mei-inoar te dwaan!”

It pakket bestiet út in stikmannich wurkblêden mei it tema ‘maitiid’, in boekje, tearbledsjes en in potsje lym mei in lymkwastke. Gewoanwei is der in gearkomste dêr’t de âlden in taljochting krije op it tema en de aktiviteiten op de wurkblêden. Dat bart no digitaal troch in filmke op YouTube.

Alden fan pjutten dy’t op de opfang sitte, krije fan de opfanglokaasje berjocht wannear’t harren pakket besoarge wurdt. It pakketsje wurdt yn in taske oan de doar hongen. Alden fan pjutten dy’t net nei de opfang gean, kinne in pakket oanfreegje fia de webside fan de gemeente Achtkarspelen en op de siden fan de ûnderskate opfanglokaasjes.

maart 28, 2020 10:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.