Fergeze Mettu-beltsjinst foar âlderein

maart 17, 2020 10:31

Thúshelporganisaasje Mettu en Compleet IT sette har mienskiplik yn foar it wolwêzen fan âlderen. De thúshelp sjocht dat âlderen yn in isolemint reitsje kinne troch it optsjende koroanafirus. Mettu hat in fergeze beltsjinst iepene foar âlderen yn ’e regio, dy’t ferlet hawwe fan in praatsje. Compleet IT fersoarget de telefoany.

 

Foto: pixabay.com

Inisjator Elske Fekkes: “Wy sjogge no al dat âlderen as gefolch fan it koroanafirus minder sosjale kontakten hawwe. Ofspraken wurde ôfsein en de measte aktiviteiten gean oer. Mantelsoargers binne hoeden troch de offisjele rjochtlinen fan it RIVM en sjogge dêrom ôf fan in âldereinbesite. Tige begryplik en tagelyk tige ferfelend, om’t isolemint op ’e loer leit.”

 

Oprop: hâld kontakt!

Oan de mantelsoargers, famylje en freonen wol Mettu meijaan of foaral op in oare wize kontakt te hâlden mei de âlderen as in gewoane besite der efkes net yn sit. Efkes skilje of in Whatsapp-berjochtsje stjoere kin in wrâld fan ferskil meitsje en wurdt tige wurdearre!

 

Telefoannûmer fergeze beltsjinst

Wolle jo jo noeden uterje oer it koroanafirus, hawwe jo fragen of wolle jo gewoan in praatsje? Skilje Mettu op 071 – 7630770. De meiwurkers stean jo graach te wurd.

maart 17, 2020 10:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.