Fergees boekewikegeskink: ‘Leon & Juliette’

maart 7, 2020 08:53

Yn ‘Leon & Juliette’ rekonstruearret Annejet van der Zijl in wierbarde njoggentjinde-iuwske leafdesskiednis dy’t alles treast wie, oant de ferjitnis ta. Hy wie in jonge Nederlanner dy’t syn ferearme heitelân ûntflechte wie om kapitaal op te bouwen yn de Nije Wrâld. Sy wie in swart famke yn in maatskippij dêr’t immen lykas sy net mear wurdich wie as in ûnmûnich stik fee dat nei goedfinen kocht en brûkt wurde koe.

Ofbylding: Afûk

Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is dêrom ek oersetter Baukje Zijlstra ien fan de haadgasten.

Direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden en literatuerleafhawwer Geart de Vries giet wiidweidich mei Van der Zijl en Zijlstra yn petear. Ek sille skriuwer en oersetter fragminten út it geskink foarlêze en is der romte foar fragen út it publyk. De band WIEBE soarget foar de muzikale yntermezzo’s en in ôfslutend optreden.

Kaarten foar de literêre jûn à € 10,00 (ynkl. drankjes) binne te krijen yn boekhannel Van der Velde Ljouwert en yn de winkel en webwinkel fan de Afûk.

Plak: Dûnsskoalle Saco Velt, Sacramentsstrjitte 19, Ljouwert
Oanfang: 21.00 oere
Doarren iepen: fan 20.30 oere ôf
Download hjir de flyer mei alle ynfo.

maart 7, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Cor Jousma maart 7, 11:51

    Miskien is it nijsgjirrich om de kollum fan Fedde Dykstra te lêzen. https://www.lc.nl/opinie/Column-Fedde-Suertsje-25417869.html

  2. Abe maart 8, 13:18

    GJIN OERSETTE BOEKEWIKEGESKINKEN MEAR

    Dy’t it Frysk en de Fryske literatuer leaf hat, stoppet dalik mei it oersetten fan Nederlânsktalige boekewikegeskinken yn it Frysk. En jout wer krekt as eartiids in moaie opdracht oan in Frysktalige skriuwer. Dêr hat dy skriuwer wat oan, dêr hat de Fryske literatuer wat oan. Oan Annejet van der Zijl hat de Fryske literatuer neat. Wêrom wurdt op dit punt in belied fierd dat streekrjucht yngiet tsjin it provinsjale taal- en kultuerbelied? Wêrom wurdt hjir gjin diskusje oer fierd, mar is de fertaal-ûnsin in pear jier lyn mar efkes gau gau topdown ynfierd? Fout, fout, fout. Graach ferbetterje dus. En it soe helpe as Frysktalige organisaasjes dat ek oan de provinsje witte litte. It Skriuwersboun is dochs net yn it libben roppen om foar de belangen fan Annejet van der Zijl op te kommen?

  3. Cor Jousma maart 9, 09:32

    Lytse oanfolling op myn eardere reaksje. In sitaat út it ferslach fan de jûne yn de dûnsskoalle (Ljouwerter krante).

    [Baukje Zijlstra heeft Leon & Juliette in het Fries vertaald, een taal die Annejet van der Zijl hoger aanslaat dan het door haar verafschuwde Liwadders. Nadat Baukje Zijlstra een fragment uit haar vertaling had voorgelezen, was haar reactie: ,,Hier krijg ik kippenvel van.’’]

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.