Feie Fonyk: In nije professor Higgins?

maart 5, 2020 17:22

Kollum

Yn syn oraasje fan 4 maart liet heechlearaar Hans van de Velde sjen hoefolle klanken oft der yn it Frysk binne. Dat binne aardich mear as yn it Nederlânsk. Tink bygelyks oan de op- of delgeande twalûden lykas yn boat, flues, boarje en huodden. Tsjintwurdich kinst dat mei moderne elektroanyske en digitale apparatuer goed ûndersykje en sichtber meitsje. Dan prate wy oer in laryngograaf of elektroglottograaf. Soest minsken freegje kinne om nei Utrecht te kommen. Dat is it nije wurkplak fan Van de Velde.

It soe folle praktysker wêze om nei de minsken ta te gean. Ik moast fuort en daliks tinke oan Het Bureau fan Han Voskuil, dêr’t ûndersikers it fjild yn geane. Noch mear oan My fair lady. Dy musical giet foar in part oer taal en taalfariaasje. Op google is in aardige scene te finen ”How to learn English pronunciaton with My fair Lady”. Yn dat part is taalkundige professor Higgins dwaande mei apparaten om syn learlinge Elize in goede útspraak te learen.

Neffens my krije wy mei Hans van de Velde in soarte fan nije professor Higgins dy’t aanst mei in buske Fryslân trochjakkeret om mei wûndere apparaten it taalgebrûk fan djipfriezen en krûmpraters fêst te lizzen. No ris in professor dy’t net seit hoe’t it moat, lykas Higgins, mar ien dy’t fêstleit wat der sein wurdt.

 

maart 5, 2020 17:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.