Fan hjoed ôf 100 op ’e sneldyk

maart 16, 2020 14:06

Foto: Wikimedia Commons/ Friesland2k5 – lisinsje CC BY-SA 3.0

Frachtweinsjauffeur Johannes Ritsma fan Surhústerfean ferwachtet dat de diken in stik feiliger wurde sille, no’t elkenien noch mar 100 kilometer yn ‘e oere ride mei. “Krijst in folle rêstiger ferkearsbyld om’t de snelheidsferskillen folle lytser binne. Dit is echt in goeie maatregel.”

Johannes Ritsma fan Surhusterfean waard twa jier lyn útroppen ta feilichste frachtweinsjauffeur fan Nederlân. Hy rydt benammen nachts mei pakketsjes dy’t er nei distribúsjesintra bringt en hat dus net in soad lêst fan de nije snelheidsmaatregel. Dochs is er tige te sprekken oer it oanpassen fan de snelheid. “Omdat frachtweinen en auto’s no like hurd ride, krijst dat minsken net mear safolle hoege te remjen. Dat is echt in pluspunt.”

Ritsma sjocht dat minsken harren oant no ta oan de oanpaste snelheid hâlde. “De measte automobilisten ride no kreas hûndert. Fansels moatte wy der efkes oan wenne, mar as der aanst ek echt kontrolearre wurdt, dan silst sjen dat elkenien it docht.”

Alle buorden mei dêrop de nije maksimumsnelheid stean yntusken lâns de kant fan de dyk, meldt Rykswettersteat.

Boarne: Omrop Fryslân.
Sjoch hjir foar folle mear ynformaasje oer de nije regels.

maart 16, 2020 14:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.