Europeeske missy nei Mars útsteld om koroana

maart 22, 2020 08:47

In Europeesk-Russyske missy nei Mars wurdt útsteld. Dat komt ûnder oare troch it koroanafirus. Troch de útbraak is it lestiger foar meiwurkers om te reizgjen, dus rint it projekt fertraging op. Boppedat binne mear testen nedich om wis te wêzen dat it romtereau yn goede steat is en sa’n gefaarlike reis oerlibje kin.

Byld: NASA

De lansearring fan ExoMars stie plend foar takom jier, mar wurdt fanwegen de oermacht ferskood nei 2022, liet de Europeeske romtefeartorganisaasje ESA witte. Dat betsjut dat de missy yn 2023 op de reade planeet oankomme sil. ExoMars bestiet út in Russyske lâner, de Kazatsjok. Dêr sitte allegear mjitapparaten yn, mar ek in ûnbemanne karke. Dat sil ûnder oare twa meter djip yn ’e boaiem fan Mars boarje, op syk nei spoaren fan libben. It karke hjit Rosalind Franklin, nei de frou dy’t yn 1952 as earste foto’s fan DNA makke.

maart 22, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.