Pear fynt nei jierren trouring werom
Resint ferskynd
In troud stel út Beverwyk hat nei acht jier in ferlerne trouring weromkrige. It sieraad wie út de grûn helle troch in man mei in metaaldetektor, mei wa’t it echtpear by tafal yn petear rekke.
Woansdei rûnen Bertie en Johan Provenzano in rûntsje troch harren buert yn Beverwyk. Hja rekken oan ’e praat mei Richard de Bree, dy’t doe ek syn metaaldetektor by him hie. Johan fertelde dat er acht jier lyn op in boartersplak yn ’e buert syn trouring ferlern hie. Richard fertelde dat er just twa wike lyn in gouden ring fûn hie. It bliek om de ring fan Bertie en Johan te gean. Yn ’e ring stie de boaskdatum fan it stel en de namme ‘Bertie’.
“Doe’t we him fûnen, tochten we: nice, in gouden ring. We hiene fansels gjin idee dat we de eigners tsjinkomme soene”, seit Richard, dy’t de ring ûnderwilens weromjûn hat oan Johan. “Ik tocht: dat kin dochs net wier wêze nei acht jier?”, seit Bertie. “Mar it is echt sa”, follet Johan oan. “Soks ferjit ik fan myn libben nea wer.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje