Drokte yn de natuer

maart 19, 2020 11:23

Koroanafirus en maitiid lûke minsken de bosk yn

Foto © Jan Schram

No’t it waar wat mylder wurdt en in soad minsken wat frijer oer harren tiid beskikke kinne, is te fernimmen dat se de natuer yn geane om it thússitten ôf te wikseljen. Yn de gebieten fan Steatsboskbehear wurdt it drokker. Neffens dy organisaasje is dat prima as de minsken har mar oan in pear regels hâlde: lit de bisten mei rêst en bewarje genôch ôfstan faninoar.

Hûnen binne yn de measte natuergebieten wolkom, mar se moat wol hast oeral oan ’e riem. Dat moat omdat se oars efter de bisten yn dy’t yn de natuer thúshearre oan gean. It lang te rûken as der in hûn west hat en dêr hawwe dy bisten lêst fan. Oare kuierders komme ek leaver gjin losrinnende hûnen tsjin. Boskwachters hâlde de boel dan ek yn ’e gaten.

It briedseizoen is begûn en de reeharten krije kealtsjes. Foar fûgels en wyld is rêst absolút needsaaklik. Dêrom is it belangryk dat de minsken op de paden bliuwe.

Fansels moatte yn de natuer ek de regels fan it RIVM yn acht nommen wurde, dus bûten ek op syn minst oardel meter byinoar wei bliuwe. Dan bliuwt in besite oan de natuer foar elkenien moai en sûn.

maart 19, 2020 11:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.