Doarpskrante ‘Diggelfjoer’ Wommels wint priis foar bêste Frysktalige stik

maart 4, 2020 12:06

In fraachpetear mei messesliper Gerrit Terpstra is it bêste Frysktalige stik fan ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân yn it ôfrûne jier. It is skreaun troch redaksjelid Pieta Zijlstra-Abma fan doarpskrante Diggelfjoer út Wommels. It stik ‘It mes snijt oan twa kanten’ is útkeazen út sechstjin ynstjoeringen.

Foto: pixabay.com

De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard moandei útrikt troch wethâlder Mirjam Bakker. De útrikking wie yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. De dielde twadde priis (fan elk 200 euro) wie foar it stik ‘Aaisykje mei de drone op peaskesnein’, skreaun troch Joop Bootsma, redaksjelid by Diggelfjoer Wommels, en foar it stik ‘Einepykje fergetten…?’, skreaun troch Mariet Swart fan De Sylboade, moanneblêd fan Heech. De tredde priis (100 euro) wie foar it stik ‘Oantinkens oan ’e Alvestêdetocht’, skreaun troch Tryntsje fan der Meer. Dat stik stie yn Om ’e Ald Toer út Easterwierrum.

It is de fjirde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske redaksjestik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útset hat. Yn totaal hat de gemeente sechstjin Frysktalige teksten krigen, fan sân doarpskranten. De stikken binne beoardiele troch Douwe Blom (riedslid FNP Súdwest-Fryslân), Jantine Weidenaar (sjoernalist Omrop Fryslân) en Arjan Hut (skriuwer en dichter).

maart 4, 2020 12:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.