Do en ik (gedicht)

maart 7, 2020 09:30 Fernijd

Do en ik

Foto: pixabay.com

Uteinlik… dêr lizze wy dan op it moas
Do en ik op ’e bleek fan muoike Lolkje
It gers is wiet dat ik brûk myn âld jas
Wylst it moantsje kipet troch in wolkje

Klamkâld is it, pikefel op dyn hûd
As ik myn hân ûnder dyn bûsgroentsje sko
Ik prommelje wat, do joust gjin lûd
Yn ’e fierte raast in ko

Us ferstân? Dat stiet yn ’e brân…
Sa komt it dat wy de lust net hâlde kinne
Smeie tegearre de hillige bân
Wêrtroch’t wy op diz’ âld ierde binne

Sander, Oerterp

maart 7, 2020 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.