De Lama’s komme mei ‘Quarantaine TV’

maart 26, 2020 08:14

Yn dizze barre en bizarre tiden komme Ruben Nicolai, Tijl Beckand en Ruben van der Meer mei in nij online satirysk programma. It eardere trio fan De Lama’s presintearret spesjaal foar alle thúsbliuwers Quarantaine TV.

De earste seis ôfleveringen stean ûnderwilens online. Njonken dat de trije in protte oer it koroanafirus en telefyzjeprogramma’s prate, kin de sjogger noch mear ferwachtsje, lykas in item oer selshypnoaze en Ruben van der Meer fertelt hoe’t men ôffeie kin sûnder húskepapier. Alle dagen om 12.00 oere komt in nije ôflevering online te stean.

Besjoch alle ôfleveringen fan Quarantaine TV op YouTube. Hjirûnder de earste:

maart 26, 2020 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.