Dag van de Grunneger Toal

maart 8, 2020 12:36

It gebou Forum yn Grins (foto: Rob Koster / Wikipedia, CC BY-SA 4.0)

De Grinslanners fiere dat harren haadstêd in nij kultuergebou hat. Yn de Grinzer binnenstêd stiet sûnt ferline jier it saneamde Forum. In soad wichtige kulturele organisaasjes fan de provinsje binne dêr ûnderbrocht. De jierlikse Dag van de Grunneger Toal wurdt der ek hâlden – foar it earst. It iepenjen fan it gebou is ek fuort it tema fan dit jier.

Moi Forum! is op 21 maart it biedwurd. De organisaasje wol dat it Forum ek in hûs fan it Grinslânsk wurdt. Yn it gebou sjonge artysten lykas Marlene Bakker en Erwin de Vries yn it Grinslânsk. Yn de bibleteek wurdt yn de streektaal foarlêzen, taalkundigen fan de Ryksuniversiteit fertelle oer harren wurk en fansels kin men in broescursus Grunnegs folgje.

Plak: Forum, Nije Merk 1, Grins
Datum: 21 maart 2020
Tiid: 10.00-16.00
Tagong: fergees
Mear ynformaasje: https://www.cgtc.nl/2020/03/04/dag-van-de-grunneger-toal-ontmoet-het-gronings-in-het-forum/

maart 8, 2020 12:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.