Countrysjonger Kenny Rogers (81) ferstoarn

maart 21, 2020 09:40

De Amerikaanske sjonger Kenny Rogers is yn ’e âldens fan 81 jier ferstoarn. De famylje fan Rogers lit witte dat er thús fredich ynsliept is.

Foto: pixabay.com

Rogers wie ien fan de bekendste en suksesfolste Amerikaanske countrysjongers. Hy waard benammen populêr yn de jierren santich, doe’t er syn solokarriêre begûn en him foaral rjochte op countrymuzyk. Mei syn karakteristyk griis burd en djippe countrystim krige er Grammy’s foar balladen as ’Lucille’ (1977) en ‘The Gambles’ (1979).

Rogers wie ek suksesfol yn ’e mande mei oaren. Syn duet ‘Islands in the stream’ mei sjongeres Dolly Parton út 1983 waard in grutte hit. Fierder spile Rogers in promininte rol in ‘We are the world’, in benefytliet út 1985. Dêryn frege er mei in protte oare Amerikaanske muzykikoanen omtinken foar de hongersneed yn Etiopië.

De famylje fan Rogers lit witte dat yn lytse rûnte ôfskied fan him nommen wurdt fanwegen de koroanamaatregels yn de Feriene Steaten. Letter folget in publike betinking mei freonen en fans.

maart 21, 2020 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.