Corona – wat no as de oerheid neat die?

maart 8, 2020 16:34

Wat soe der barre as de oerheden yn Europa neat dwaan soene om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen? Wittenskippers yn ferskate lannen hawwe berekkene hoe’t it dan komme soe.

It grutte probleem fan it coronafirus is dat it sa nij is dat men der neat mei wissichheid oer sizze kin. As net ien yn karantêne set wurde soe en oerheden lieten it firus gewurde, dan soe in grut part fan ‘e minsken de sykte Covid-19 krije, dat is wol dúdlik. Hoe’n grut part oft dat is, dêr ferskille de rûzingen lykwols faninoar. Der binne epidemiologen dy’t it op fjirtich persint hâlde, oaren, rekkenje mei santich persint.

As fyftich persint fan ‘e Friezen de sykte krije soe, dan soe de provinsje mei 325 tûzen minsken sitte dy’t in hoart út de rûlaasje binne – nêst alle minsken dy’t mei in oare krupsje oanhelle binne. Mear as njoggentich tûzen minsken soene sa siik wurde dat se it sikehûs yn moasten en fjirtich tûzen minsken soene op ‘e ôfdieling yntinsive soarch opnommen wurde moatte. Dat is tweintich kear safolle as it tal plakken yn alle Nederlânske provinsjes byinoar. Boppedat soe in grut part fan it sikehûspersoniel sels ek net wurkje kinne troch sykte.

Dan de kâns om dea te gean. De rûzings op dat mêd binne ek tige ferskillend. De wrâldwide organisaasje foar de sûnens WHO hâldt it derop dat 3,4 persint fan de pasjinten de sykte net oerlibbet. As de helte fan ‘e Friezen siik wurdt, soe Fryslân yn koarte tiid alvetûzen deaden hawwe. Nimt men de folle foarsichtiger sifers fan ‘e Koreaanske oerheid, nammentlik dat 0,5 persint fan ‘e pasjinten ferstjert, dan soe it coronafirus noch altyd 1600 Fryske libbens kostje. As fergeliking: dat is likernôch fjouwer kear safolle as by in swiere gryp, in besibbe sykte dy’t ek benammen gefaarlik is foar âlde en sike minsken.

Wat de sykte foar bern betsjut, is noch net dúdlik. Lang hâlden saakkundigen it derop dat de sykte foar harren gjin gefaar opsmiet. Freed die lykwols bliken dat dat net hielendal korrekt is en dat der ek bern oan ferstoarn binne. Hoe grut oft it gefaar foar harren is, is op it stuit foar net ien dúdlik.

maart 8, 2020 16:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.