Koroana sloopt de ekonomy

maart 12, 2020 18:07

It koroanafirus hat soarge foar in slimme beurskrisis. De Amsterdamske AEX-yndeks is hjoed 10,75 persint leger tichtgien. Oare beurzen op ‘e wrâld makken wat ferlykbers mei. It is ien fan de slimste efterútgongen dy’t der ea op ‘e beurzen west hat. Sels by de krisis fan 2008 wie it ferlies yn ien dei nea sa grut as no.

Oandielen yn fleanmaatskippijen waarden massaal oanbean en de koerts dêrfan sakke dan ek hurd. Troch de coronokrisis wurdt der folle minder flein. De Feriene Steaten hawwe boppedat alle flechten út de Schengen-sône yn Europa ferbean. Fryslân heart dêr ek by.

maart 12, 2020 18:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.