BZF iepenet digitaal loket foar Tozo-oanfragen

maart 26, 2020 08:35

Sûnt woansdei 25 maart kinne ûndernimmers dy’t driuwend jild nedich hawwe foar de earste libbensbehoeften in foarskot oanfreegje op basis fan de Tozo-regeling. De Tozo (tydlike oerbrêgingsregeling selsstannich ûndernimmers) is ien fan de maatregels dy’t it Ryk troffen hat om ûndernimmers te stypjen yn de koroanakrisis. De regeling foarsjocht yn in minimaal ynkommen foar op syn langst trije moanne en in liening foar bedriuwskosten.

It duorret noch twa wike foar’t de regeling definityf fêststeld wurdt. Mei it each op de urginte situaasje by in protte ûndernimmers hat Buro Selsstannigen Fryslân (BZF) besletten om no it digitaal loket iepen te stellen foar urginte fersiken. Oan ûndernimmers wurdt in foarskot fan op syn heechst € 1.500 ferstrekt om needsaaklike priveekosten betelje te kinnen. Oanfragen kinne ûndernimmers yntsjinje fia www.bureauzelfstandigenfryslan.nl.*

De oanfraach dy’t no yntsjinne wurdt, jildt ek fuortdaliks as fersyk foar ynkommensstipe foar de kommende moannen. Sa gau as de regeling definityf fêststeld is, sil op basis fan dy oanfraach it restearjende bedrach útkeard wurde. De ynkommensstipe is op it stuit foar de maksimale perioade fan trije moanne.

It is foar ûndernimmers ek al mooglik om oanspraak te meitsjen op de needliening fan op syn heechst € 10.157. Dy oanfraach nimt BZF yn behanneling, mar de liening wurdt pas jûn as de regeling definityf is. Foarskotten op lieningen wurde net ferliend.

In oanfraach foar de jefte fan € 4.000 kinne ûndernimmers net yntsjinje by BZF. Dêrfoar moatte ûndernimmers har melde by de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO).

Undernimmers dy’t yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en Eaststellingwerf wenje, kinne har by har eigen gemeente melde. Foar de gemeente Smellingerlân fiert BZF de Tozo-regeling út. Buro Selsstannigen Fryslân is in frijwillich gearwurkingsferbân fan fyftjin Fryske gemeenten foar de útfiering fan de Bbz2004 en IOAZ. It gearwurkingsferbân is ûnderbrocht by de gemeente Ljouwert.

* De grutte stream digitale oanfragen freget in protte fan de technyk. BZF kin dêrom net útslute dat it op pykmominten efkes duorret foar’t in formulier iepen giet. Tip is dan om fiif minuten te wachtsjen, de browserskiednis te wiskjen en it dêrnei opnij te besykjen.
maart 26, 2020 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.