Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 36

maart 1, 2020 08:00

Underweis mei de jeugd

De ôfrûne moanne mocht ik fiif kear optrede op skoallen yn Fryslân. Dat is it moaiste fan myn wurk om te dwaan. Der binne hieltyd mear dosinten dy’t de bûtenwrâld as opdrachtjouwer sjogge om de learlingen oan te fiterjen de tosken yn maatskiplike problemen te setten. Klimaat heart dêr fansels ek by, likegoed as bioferskaat, Blue Zone, wetterkwaliteit, plestik sop, iensumens, wurkfoldwaning en gean sa mar troch.

Op it Comeniuskolleezje yn Ljouwert wurdt oan de learlingen fan 5 hafû en twû frege om te kiezen foar in opdracht fan de oerheid. My wurdt frege om in opdracht te presintearjen en de learlingen meie dan sels kieze oft se dy opdracht kieze of foar wat oars geane. Dêrmei wurdt de opdrachtjouwer útdage om in kreative opdracht te meitsjen dêr’t de jongelju hielendal foar gean wolle.

In groepke fan fjouwer learlingen (famkes) keas derfoar om harren skoalle meidwaan te litten oan de Fossylfrije wiken fan 1 o/m 13 juny yn Fryslân, Drinte en Grinslân. Twa wike foarútkomme sûnder in drip benzine of disel. Maklik sein, mar hoe pakst dat oan? 1300 learlingen en 75 leararen, hoe krigest dy allegearre mei? Se begûnen mei in petear mei de direkteur. Spitigernôch stapte dy krekt dy wike op… Wat no? Se seagen sa gau efkes gjin oplossing. Dat doe bellen se my op. Oft se myn advys krije koene. Fansels! Dyselde middei sieten we mei-inoar om ’e tafel en sels kamen se op it lêst mei it idee om in presintaasje te jaan op de leararegearkomste fan de wike dêrop.

Se hiene wer in plan! Wol spannend om dat te freegjen, mar se krigen tastimming en tsien minuten sprektiid op de wurklist. Ik mocht derby wêze en se krigen it foarinoar: alle dosinten giene nei harren entûsjaste oprop stean en seine ta om oan dy útdaging mei te dwaan. Foto’s makke, in ferslach skreaun en fjouwer o sa blide en grutske fammen waarden sels nominearre foar de LC-priis foar it bêste PWS-projekt.

Hoe moai kin it rinne? Itselde barde krekt sa yn Harns op it Simon Vestdijkkolleezje, op de NHL Stendenoplieding Going Green en op de Friese Poort. Foar de Fossylfrije wiken hawwe wy no mear as tritich stazjêrs fan hegeskoallen en binne alderhande opdrachten útfierd troch learlingen, fan hotelskoalle oant ekonomyoplieding. It is in prachtige nije ûntwikkeling. Skoallen dy’t de doarren iepensette om de útdagingen fan de tsjintwurdige tiid de skoalgebouwen yn te heljen. Foar ús moai,  mar foaral foar de learlingen sels.

Itselde bart yn de technykopliedingen. It tal teams dat oan de sinneboatrace meidocht troch sels in boat te bouwen nimt spektakulêr ta. Dit jier al hast fjirtich technasia dy’t meidogge. Dat dy bern tusken de 14 en 16 jier dêrnei wat yn de duorsumheid dogge, is sa goed as wis. Benammen de dosinten en de âlden binne dermei ynnommen en tige by belutsen.

De Reuzedei yn Akkrum is dit jier op sneon 23 maaie. Dêr ek kriget de jongerein in grut poadium! Seis basisskoallen út Grou, Jirnsum, Terherne, Aldeboarn en Akkrum stride om prizen mei harren fluchste, selsboude miny-sinneboatsje. De gemeente It Hearrenfean helpt finansjeel in hantsje.

Fan basisskoallen oant en mei hegeskoallen… dy belutsenens groeit as koal!

Der is hoop, want der binne in protte ûnderweis!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
maart 1, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.