Bonkerak: Fryske folksferhalen om nei te harkjen
Omrop Fryslân hat in rige spannende Fryske folksferhalen op syn webstee set. De rige hat de namme Bonkerak krige. De ferhalen hawwe nammen as It opgroeven lyk en It keammerke fan de eangst. Se binne in moaie gelegenheid om yn ‘e kunde te kommen mei it folksferhaal as part fan de Fryske fertelkultuer. It beharkjen is fergees en se kinne ek op ‘e eigen kompjûter of mp3-spiler set wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje