Boetes foar thúsfeesten mooglik ûnterjochte

maart 30, 2020 18:13

Ferskate minsken hawwe de ôfrûne dagen in boete krige om’t hja tefolle gasten yn ‘e hûs hiene. Yn Fryslân barde dat op ‘e Lemmer. Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan it Hearrenfean die ek te witten dat er in ein meitsje sil oan feestjes by minsken thús.

De fraach is oft dat wol mei. Minister fan Justysje en Feiligens Ferd Grapperhaus kundige ferline wike oan dat minsken net mear as trije gasten yn ‘e hûs hawwe mochten. Doe’t in sjoernaliste dêr in krityske fraach oer stelde, antwurde er: “Thuis is in Nederland nog altijd een privésfeer. Maximaal drie mensen is het dringende advies.”

De reguliere wet ferbiedt húsfeesten net en it is net dúdlik oft de needferoarderings fan de feilichheidsregio’s dat wol dogge. Dy ferbiede allinnich it gearkloftsjen fan minsken. De juristen Anita van den Berg, Jan van der Grinten en Jutta Wijmans skriuwe op it rjochtswebstee omgevingsweb.nl dat minsken no net witte wêr’t hja oan ta binne. Dat giet yn tsjin it rjochtsprinsipe lex certa – rjochtswissichheid: minsken hawwe it rjocht om te witten wêr’t se foar straft wurde kinne.

It is ek net dúdlik oft der straffen oplein wurde kinne oan minsken dy’t mear as trije praters oer de flier hawwe of dy’t by in oar te jûnpizeljen binne. Juriste Ilse van der Poel skriuwt dat boargemasters allinnich mar boetes oplizze meie foar it oertrêdzjen fan regels dy’t hjasels ynsteld hawwe. It ferbod op gasten is lykwols ynsteld troch de feilichheidsregio’s en dy hawwe gjin rjocht om te hanthavenjen. Yn in oar stik skriuwt hja dat it twiveleftich is oft de plysje in hûs wol yn mei om in ein te meitsjen oan in feest, omdat dat yn striid is mei kêst 12 fan de grûnwet. Dat komt oerien mei wat minister Grapperhaus yn de parsekonferinsje ek sei.

Kaaiwurden: corona, koroana

maart 30, 2020 18:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. N. Boetstra april 1, 08:08

    BoeteN (mei N) fansels; de S fan BoeteS is Hollânsk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.