Boeren en túnkers sykje help publyk

maart 26, 2020 10:26

Foto: Wikipedia – publyk domein

Boeren en túnkers sykje minsken dy’t harren helpe wolle om de itensfoarsjenning yn stân te hâlden. In protte bûtenlânske arbeiders kinne troch de krisis hjir net hinne komme. Om foar te kommen dat der op in stuit te min iten te krijen is, wurdt der fan alles dien om oan genôch personiel te kommen. Undernimmers dy’t sels gjin wurk foar harren folk hawwe, wurdt ek frege om gear te wurkjen.

Eric Douma, vice-foarsitter fan LTO Noard, fertelt dat der twa platfoarms lansearre binne dêr’t fraach om en oanbod fan personiel inoar treffe kinne. De beide websteeën binne leechdrompelich en folje inoar oan. It iene, werkenindelandentuinbouw.nl, wurket as in soarte fan pripboerd. Wurkjouwers mei te min wurknimmers en wurkjouwers dy’t wurknimmers beskikber hawwe kinne har dêrop melde. Sertifisearre útstjoerburo’s en zzp’ers kinne dat dêr ek op dwaan. Sa kinne dielnimmers mei-inoar yn kontakt komme en ûnderinoar harren gearwurking ôfstimme. Wol in boer of túnker help hawwe by it sykjen nei personiel, dan is helponsoogsten.nl in útkomst. Troch de tsjinsten fan dat webstee kin it administratyf ôfhanneljen dien wurde.

Hoewol’t helponsoogsten.nl noch mar in pear dagen yn ’e loft is, binne de earste kontakten al lein. Minsken dy’t oars yn de blommekwekerij wurkje, binne no oan it asperzjestekken en studinten helpe yn de jûnsoeren op it lân. Douma: “Oant no hawwe santich bedriuwen mei in personielstekoart har meld. It giet om sa’n 1700 arbeidsplakken. Dêrnjonken hawwe yn in dei of wat al tûzen minsken har oanjûn om yn de lân- en túnbou te wurkjen. Dêr sitte bygelyks minsken by dy’t normaalwei wurkje yn de hoareka of it himmelwurk.”

maart 26, 2020 10:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.