Besoarchtsjinst foar hoareka en winkeliers yn koroanakrisis

maart 26, 2020 08:56

Nei it beslút fan it kabinet op snein 15 maart om alle hoarekagelegenheden te sluten, gean in protte hoarekaûndernimmers oer op thúsbesoarging fan harren produkten. Winkeliers fernimme ek in delgong fan it tal besikers yn de winkel en biede thúsbesoarging as ekstra tsjinst oan. Foar ûndernimmers sûnder webwinkel smyt dat problemen op. Fryske ûndernimmers Jelmer Gerritsma en Leo Flapper sloegen de hannen yninoar en realisearren frieslandbezorgt.nl, in fergees platfoarm dêr’t ûndernimmers yn de koroanakrisis harren produkten oanbiede kinne om thús te besoargjen.

Foto: Frieslandbezorgt.nl

Mei dat fergees besoarchplatfoarm kinne ûndernimmers yn trije ienfâldige stappen harren bedriuwsside opstelle. Sa kinne se harren side ynrjochtsje en produkten tafoegje. Binnen in pear minuten kinne se sa al bestellings ûntfange. Nei it ynrjochtsjen fan in bedriuwsside kinne ûndernimmers fuortdaliks harren side diele fia harren eigen promoasjekanalen lykas sosjale media en webside. Bestellings komme yn op it mailadres dat opjûn is. Der kin kontaktleas betelle wurde fia Tikkie of in betelfersyk.

Oer frieslandbezorgt.nl
Frieslandbezorgt.nl en Sneekbezorgt.nl binne in inisjatyf fan ûntwikkelders út Snits en Ljouwert om lokale ûndernimmers in hert ûnder de riem te stekken. It kosteleaze platfoarm wurdt yn de koroanakrisis oanbean foar ûndernimmers en konsuminten yn Fryslân. Mear ynformaasje fia frieslandbezorgt.nl.

maart 26, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.