‘Berjochten út it hert’, fideodeiboeken fan de koroanakrisis

maart 31, 2020 09:39

In dokter, in dosint of in boskwachter; elkenien belibbet de koroanatiid op syn of har eigen manier. Mar it wurdt foar de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân hieltyd lestiger om by minsken te kommen. Dêrom set Omrop Fryslân hjoed útein mei it flogprojekt: Berjochten út it hert.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Minsken út hiel Fryslân meitsje de kommende tiid fideodeiboeken fan harren beuzichheden. Dat mei it doel om fan binnenút sjen te litten wat der spilet. De minsken oan de frontliny fan de koroanakrisis meie dêrby fansels net misse. Nettsjinsteande de drokke wurkdagen makket in ferskaat oan medysk personiel út Fryske sikehuzen tiid frij om it publyk mei te nimmen yn harren libben en it wurk op de intensive care. Ien fan dy minsken is Heleen Lameijer. Se wurket as dokter op de ôfdieling driuwende help yn it Medisch Centrum Leeuwarden. Se fynt it wichtich om te floggen, sadat minsken mear ynsjoch krije yn hoe’t medyske saken wurkje en sa ek better foar harsels soargje kinne. “Dêrneist sitte in hiele protte minsken mei fragen”, fertelt Lameijer. “Der komt safolle op je ôf. Dan witte je ek net mear wat je leauwe moatte.” Ek Sandra Di Rocco sil in floch byhâlde, sy wurket as ferpleechkundige op driuwende help. “Ik wol foaral stilstean by it feit dat wy op in oare wurkje as wy ‘normaal’ dogge. Dit is nij yn myn karriêre, mar ek learsum en seker spannend.”

Oan dit projekt docht ek in ferskaat oan minsken út oare (wurk)hoeken mei. Bygelyks boskwachter Anke Bruin-Kommerij fan Steatsboskbehear Flylân. “Omdat ús gasten no net mear nei Flylân ta kinne, bring ik Flylân graach by harren thús.” En Gatse Hylkema út Ljouwert, hy wurket as dosint muzyk en maatskippijlear op CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne. Hy mei graach syn passy foar muzyk mei minsken diele. Hy mist syn learlingen, it kontakt mei de kollega’s en it muzyk meitsjen.

De fideodeiboeken fan Berjochten út it hert binne fia alle kanalen fan Omrop Fryslân te folgjen en binne ek werom te sjen fia: Omropfryslan.nl/vlog.

maart 31, 2020 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.