Belgyske regearingsformaasje kin ynienen wol troch koroana
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Hoe hjit de dei dat alles wer normaal is? 2

Bart de Wever
Yn België liket it ynienen te slagjen om in nij regear te foarmjen. Twa Frânsktalige en fjouwer Nederlânsktalige partijen sitte sneontejûn om ‘e tafel mei it doel om snein in regearingskoälysje te presintearjen. De partijen binne allegear fan betinken dat België ferlet hat fan in regear yn tiden dat der koroana omgiet.
De parlemintsferkiezings yn België binne yn maaie ferline jier hâlden. De regearingsfoarming is dreech: yn Walloanië is de sosjaal-demokratyske PS de grutste partij, yn Flaanderen de Flaamsk-nasjonalistyske N-VA. Dy partijen ferskille tige yn stânpunten en koene gjin oerienstimming berikke oer in regearakkoart.
No binne de Frânsktalige PS en MR en de Nederlânsktalige N-VA, CD&V, Open VLD en SP.A fan betinken dat der yn roerige tiden in regear wêze moat en dat ferskillen fan miening efkes oan ‘e kant set wurde moatte. It needregear moat ynearsten foar in jier oansteld wurde. It grutste striidpunt is op it stuit wa’t premier wurdt. De N-VA wol, as grutste partij, de premier leverje en skoot Bart de Wever nei foarren ta. De PS is fan betinken dat de sittende ynterim-premier Sophie Wilmès fan de liberale MR mei har taak trochgean moat en dat der no gjin wiksel fan kaptein komme moat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje